Legend is in Amerikaanske fantasy-aventoerefilm út 1985 ûnder rezjy fan Ridley Scott, mei yn 'e haadrollen Tom Cruise en Mia Sara. De titel betsjut "Leginde". It ferhaal giet oer de jonge Jack, dy't útkard wurdt om 'e stiid oan te gean mei de Hear fan it Tsjuster. Dyselde is nammentlik fan doel om 'e wrâld yn in nacht sûnder ein te stoarten troch de lêste ienhoarns te deadzjen. Legend is gauris omskreaun as in "tsjuster mearke" en in weromkear nei de oarspronklike, ysbaarlike mearkes foar't se yn 'e moderne tiid omfoarme waarden ta teltsjes gaadlik foar lytse bern. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, hoewol't de fisazjy en de kamerarezjy rûnom lof ûntfong. Yn 'e bioskopen draaide Legend út op in flop, mar sûnt de 1980-er jierren is de film útwoeksen ta in cultklassiker.

Plot Om 'e wrâld yn in nacht sûnder ein te stoarten stjoert de Hear fan it Tsjuster de eardske Blix út om 'e lêste beide ienhoarnen te deadzjen dy't yn it wâld om syn kastiel hinne libje, mei't dat magyske wêzens binne dy't it ljocht beskermje. Blix moat de hoarnen fan 'e ienhoarnen, dy't de sit fan harren macht binne, mei weromnimme. Blix en syn trewanten Pox en Blunder stjitte yn it wâld op 'e balstjurrige minsklike prinsesse Lili, dy't in besyk bringt oan har frijer, de jonge wâldbewenjende klúzner Jack, dy't de talen fan alle bisten sprekt. Nei't se in skoft tútsjeboarte hawwe, nimt Jack Lili mei om har de ienhoarnen sjen te litten, hoewol't dat eins ferbean is. Jack blyndoeket Lili om 'e lokaasje fan 'e wêzens geheim te hâlden, mar se wurde temûk folge troch de trije eardsken.

As se de ienhoarnen sjocht, rekket Lili alhiel ûnder de tsjoen fan 'e prachtige wêzens. Ynstee dat se harren fan in ôfstân ôf besjocht, stapt se der op ta, en liedt se de hynst ôf troch him oan te heljen, eat dat ek al ferbean is. Unbedoeld jout dat Blix de kâns om 'e hynst mei in fergiftige pylkje út in blaaspiip te reitsjen. De ienhoarnen naaie út en Lili, dy't net beseft wat der bard is, keart werom by Jack, wêrnei't se syn noed oer har dwaan mei de gek beslacht. Ynstee docht se har ring ôf en goait dy yn in poel, wylst se seit dat se trouwe sil mei wa't dy ring ek mar fynt. Dat is genôch foar Jack om it sieraad efternei te dûken.

Wylst Jack ûnder wetter is, fine de eardsken de stjerrende ienhoarnhynst en hout Blix syn hoarn ôf. It gefolch is dat der fan it iene op it oare stuit in apokalyptyske winter oer it wâld útstoart wurdt. Lili wurdt troch panyk befongen en naait út. Tsjin 'e tiid dat Jack boppe komme moat om lucht, leit der in tsjûke iislaach oer de poel, dêr't er mei grou geweld trochhinne brekke moat. Underwilens siket Lili beskûl yn 'e wente fan in befreone klokmakker oan 'e râne fan it wâld, dêr't se lykwols de lju beferzen oantreft. De eardsken hâlde ûnderweis werom nei harren master by deselde wente ho, en Lili moat har ferskûlje op 'e souder. Ut it praat fan 'e eardsken wurdt se gewaar wat der bard is en hokker rol sy dêr sels yn spile hat. Se swart by harsels dat se har misse set behimmelje en de wrâld rêde sil.

Lili folget de eardsken nei in moeting mei de Hear fan it Tsjuster. Blunder grypt de magyske hoarn en besiket syn master ûnder fuotten te heljen, mar dy weeft sûnder swierrichheden mei him ôf en lit him ôffiere nei syn tsjerkers. Hy makket Blix en Pox dúdlik dat der gjin ivich tsjuster komme kin salang't de ienhoarnmerje noch libbet, en stjoert harren wer út om dêr wat oan te dwaan. Underwilens hat Jack selskip krigen fan 'e elf Honeythorn Gump, de dwergen Brune Tom en Screwball en it elfke Oona, dy't him úthearre oer syn eigen belutsenens by it fiasko mei de ienhoarnen. Gump is tige strang, oant Jack seit dat er Lili meinommen hat út leafde, wat neffens Gump alles feroaret.

Fiifresom sette se ôf om 'e ienhoarnen te finen en treffe de libbenleaze hynst en de razene merje oan. Jack barst yn gûlen út en ûntskuldiget him foar de merje oer, dy't him fertelt dat de hoarn werombrocht wurde moat. Gump ornearret dat sa'n kweeste inkeld ferfolle wurde kin troch immen dy't rein fan hert is en wiist Jack der sels foar oan. Se litte Brune Tom efter om 'e ienhoarnen te bewekjen, wêrnei't Gump de oaren meinimt nei in oerâld wapenarsenaal, dêr't Jack tarist wurdt mei in swurd, skyld en wapenris. Underwilens besiket Lili har eardere flater goed te meitsjen troch te helpen om 'e ienhoarnmerje tsjin 'e eardsken te ferdigenjen, mar Blix en Pox weve ôf mei Brune Tom en nimme dêrnei sawol de ienhoarn as Lili finzen.

As Jack-en-dy weromkomme op it plak dêr't se de ienhoarn en Brune Tom efterlitten hawwe, blykt Tom inkeld bewusteleas te wêzen. Se hearre fan him wat der bard is, en hastigje har nei it kastiel fan 'e Hear fan it Tsjuster, dat middenyn in sompe stiet. Underweis wurde se oanfallen troch de sompeheks Meg Mucklebones, mar Jack ferslacht har troch op har idelheid te spyljen en har ûnferhoeds de holle ôf te slaan as se harsels yn 'e wjerskyn fan syn skyld bewûnderet.

As se it kastiel berikke, knoffelje Jack-en-dy yn in hast rjochtdel geande skacht, dy't harren ôfleveret yn 'e tsjerkers by de koken. Dêr moetsje se Blunder, dy't yn 'e oanbuorjende sel sit. As er syn gesichtsbedekkende helm ôfset, blykt er gjin eardske, mar in elf te wêzen dy't fan it rjochte paad ôfrekke is. Fuort neitiid wurdt er fuortsleept troch in oger om yn in pastei bakt te wurden. Jack wol dat Oona, dy't fereale op him is en him sjen litten hat dat se de foarm fan in minske oannimme kin, har macht brûkt om 'e kaaien fan harren sel op te heljen. Sy wol dat wol dwaan, mar wol yn ruil dêrfoar in tút fan him hawwe. In ienfâldige pat op it wang nimt se gjin genoegen mei, mar Jack fielt der neat foar om har op 'e lippen te tútsjen. As se de foarm fan Lili oannimt, wifket er, mar úteinlik wegeret er har, en fertelt er har dat "minsklike herten sa net wurkje". Oona is frijwat misledige, mar bringt harsels tebinnen wat der op it spul stiet en hellet likegoed de kaaien op.

Wylst Jack, Gump, Screwball, Brune Tom en Oona it kastiel yn tsjogge om Lili en de ienhoarnmerje te sykjen, is de Hear fan it Tsjuster fereale rekke op Lili. Hy besiket har te ferlieden mei juwiellen, in moaie jûpe en ûnthjitten fan macht en gloarje. Nei lang tsjinaksele te hawwen, stimt se deryn ta om mei him te trouwen op it betingst dat sy dejinge wêze sil dy't de ienhoarnmerje deadzje sil by it oankommend ritueel. Jack en Gump hawwe Lili ûnderwilens opspoard en lústerje har petear mei de Hear fan it Tsjuster ôf. As dyselde Lili útleit wêrom't it sa wichtich foar him is om it foar ivich nacht te meitsjen, ûntdekke se dat deiljocht deadlik foar him is. Werom by de koken moetsje se Brune Tom en Screwball, dy't yn 'e tuskentiid de merje weromfûn hawwe yn 'e tsjerkers. Nei't se Blunder befrijd en twa ogers ferslein hawwe, brûke se de oergrutte metalene petielen út 'e koken om fan bûtenôf sinneljocht te wjerkeatsen nei de romte dêr't de ienhoarnmerje offere wurde sil.

It ritueel begjint foar't de petielen allegear opsteld binne. Jack pakt syn pylk-en-bôge om yn te gripen, en Gump fiteret him oan om Lili del te sjitten, dy't ommers op it punt stiet om 'e ienhoarn te deadzjen. Mar Jack fertrout Lili en sjit syn pylk ynstee ôf op 'e Hear fan it Tsjuster. Ynstee dat se ienhoarn deadet, hout Lili mei har swurd it keatling troch dat it bist fêsthâldt. De ienhoarn naait út, mar Lili wurdt delslein troch de Hear fan it Tsjuster. Jack springt foar it ljocht en befjochtet de Hear fan it Tsjuster, dy't oeral wol ûnkwetsber foar liket, oant er him op 't lêst ferwûnet mei de hoarn fan 'e ienhoarnhynst. As it langferwachte sinneljocht einlings de romte ynreflektearre wurdt, blaast it de Hear fan it Tsjuster nei de râne fan in grutte leechte ta, oant er himsels fêsthâldt oan 'e hoarn dy't er fan Jack ôfpakt hat. Gump fiteret Jack oan om 'e Hear fan it Tsjuster te deadzjen, mar dyselde warskôget Jack dat er nea wier ferslein wurde kin, om't it kwea yn eltsenien sit. Jack wifelet, en slacht him dan de hân ôf dy't de hoarn fêsthâldt, wêrnei't de Hear fan it Tsjuster ferdwynt yn 'e leechte.

Neitiid bringt Gump de hoarn werom by de ienhoarnhynst, dy't dêrtroch wer ta libben komt, sadat de winter like abrupt einiget as er begûn. Lili kin lykwols net by bewustwêzen brocht wurde. Gump wiist derop dat Jack syn opdracht noch net folslein folbrocht hat; dêrop dûkt er op 'e nij yn 'e poel en fynt diskear Lili har ring. As er dy by har bringt, wurdt se wekker. Se sprekke harren leafde foarinoar út en beslute om te trouwen. Neiweaun troch de elven, dwergen en de weriene ienhoarnen, drave se de ûndergeande sinne yn 'e mjitte.

Alternative ôfrinnen Der binne eins trije ûnderskate ôfrinnen fan Legend. Hjirboppe is de ein fan 'e ynternasjonale (of Jeropeeske) ferzje fan 'e film beskreaun. De Amerikaanske ferzje is fierhinne itselde, mar lit, nei't Jack en Lilli de ûndergeande sinne temjitte draafd binne, noch de Hear fan it Tsjuster sjen, dy't laket wylst er harren út 'e leechte wei beächtet.

Yn 'e director's cut besiket Jack, nei't Lili wekker wurden is, har derfan te oertsjûgjen dat alles dat se belibbe hat, mar in dream wie. Hy wit har dêr lykwols net fan te bepraten. Se sprekke harren leafde foarinoar út, mar beseffe dat se sokke folslein ferskillende libbens liede, dat it neat tusken harren wurde kin. Lili stelt dêrom tenei in poer platoanyske freonskip foar, en Jack leit him dêrby del. Lili set ôf nei hûs om har lang ferwaarleazge taken as prinsesse op te nimmen, en Jack draaft blier it wâld yn, de ûndergeande sinne yn 'e mjitte, dêr't er opwachte wurdt troch de elven, dwergen en de weriene ienhoarnen.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise Jack Tom Cruise prinsesse Lili Mia Sara

byrollen personaazje akteur/aktrise Honeythorn Gump David Bennent Alice Playten (stim) de Hear fan it Tsjuster Tim Curry Blix Alice Playten Oona Annabelle Lanyon Screwball Billy Barty Brune Tom Cork Hubbert Pox Peter O'Farrell Blunder Kiran Shah Meg Mucklebones Robert Picardo Nell Tina Martin

Produksje en distribúsje Preproduksje Wylst er yn 1976 yn Frankryk De Duellists opnaam, krige regisseur Ridley Scott it idee foar Legend doe't in oar filmprojekt yn tarieding, Tristan & Isolde tydlik op 'e lange baan skood rekke. Om't er lykwols miende dat sa'n mearke-eftich ferhaal inkeld slagje koe as filmhûsfilm mei in beheinde publike belangstelling, seach er der foarearst fanôf. Hy makke Alien en die preproduksjewurk oan Dune, in film dy't úteinlik makke wurde soe troch regisseur David Lynch. Neitiid gie Scott dochs wer mei syn idee foar in mearke oan 'e gong, dat er basearre op eleminten út 'e klassike mearkes fan 'e bruorren Grimm. It moast in ferhaal oer in jonge klúzner wurde dy't feroaret yn in held om tsjin it Tsjuster te fjochtsjen en sa in tsjeppe prinsesse te rêden en de wrâld te frijwarjen fan in winterske flok.

Scott woe in orizjineel senario foar syn film hawwe, mei't er derfan oertsjûge wie dat it folle makliker wie om in ferhaal oan te passen oan 'e beheinings fan 'e filmkeunst as om dat medium út te rekken om in besteand ferhaal te ferfilmjen. By tafal kaam er inkele boeken tsjin fan 'e Amerikaanske romanskriuwer William Hjortsberg, dy't ek al in pear senario's skreaun hie foar lowbudgetfilms. Scott frege him om it skript foar syn mearke te skriuwen, dat op dat stuit de wurktitel Legend of Darkness hie. Krekt foar't de opnamen fan syn film Blade Runner begûnen, loek Scott fiif wiken út om mei Hjortsberg yn grutte halen in plot op te stellen. Hjortsberg wurke doe op basis dêrfan it senario út.