De Havelter Mûne (Havelter Molen) is in nôtmûne yn Havelte yn 'e Drintske gemeente Westerfjild.

Skiednis Nei't de eardere mûne út 1873 by swier waar ôfbaarnde, waard de mûne op 'e selde stiennen ûnderbou wer opboud mei it materjaal fan in ôfbrutsen grûnsiler út Wapse. Doe't de mûne yn 1951 fan eigner wiksele, waard in elektryske oandreaune hammermûne yn gebrûk nommen, dy't yn 'e kelder fan 'e mûne stiet. It koe langer net mear út om mei wynkrêft te meallen.

Yn 'e jierren 1956-1957 fûn der in grutte restauraasje plak. De houten as waard ferfongen troch in as fan smei-izer. Ek krige de mûne in izeren bûtenroede, de binnenroede bleau fan hout.

Doe't it ûnderhâld fan 'e mûne te heech waard, droech de lêste partikuliere eigner yn 1991 de mûne oer oan 'e Stifting Havelter Mûne.

Yn 2009 waard de mûne op 'e nij restaurearre en sûnt is it ryksmonumint wer hielendal mealree.

Beskriuwing De mûne is in achtkante stellingmûne mei in reiddutsen kape en achtkant. Sûnt 1976 binne de roeden fan 'e mûne ferfongen troch fokwjukken. De wjukken hawwe in flecht fan 19,50 meter.

Keppeling om utens Mûnedatabase De Hollânske Mûne Allemolens.nl

Kategory:Mole yn Westerfjild Kategory:Bouwurk út 1873 Kategory:Bouwurk út 1914 Kategory:Stellingmole Kategory:Nôtmole