De Weert is in yn 1998 boude stellingmûne yn Meppel, Drinte.
Skiednis De mûne stie eartiids op it doarpsgebiet fan Staphorst, werfan't in diel troch in weryndieling by de gemeente Meppel foege waard. De mûne De Weert waard oarspronklik boud yn 1807 oan 'e noardlike kant fan 'e Reest. It wie eartiids in iikmûne, dy't wurke foar de learloaierijen yn Meppel. Om de stiennen ûnderbou fan 'e mûne stiene trije skuorren, dy't brûkt waarden foar de opslach fan ikebast.
Mei't de fraach nei mealle ikebast ôfnaam en de stifting fan 'e Koöperative Lânboubank rekke de mûne in soad wurk kwyt. Op 't lêst waard der mei trije koppel stiennen wurke: in koppel foar it meallen fan nôt, in koppel foar it meallen fan feefoer en in koppel blauwe baststiennen. Yn 1937 stie de mûne stil; fanwegen de fersekerings- en ûnderhâldskosten waard besletten de mûne foar in grut part ôf te brekken. Ek de houten skuorren ferdwûnen en it iennige dat oerbleau wie de ûnderbou.
Weropbou Yn in petear mei de doetiidske wethâlder die de Meppelder Henk Meijerink yn 1992 it útstel om 'e mûne wer op te bouwen. As oanset foar de bou foarme in âlde achtkant fan in grûnsiler út Hellendoarn, wêrfan't it restant yn 1994 ôfbrutsen waard. De ûnderbou wie yn 1996 foltôge en op 8 july 1998 sette mûnemakker Johannes Kooistra út Sleat it achtkant mei de nagelnije kape op 'e ûnderbou. Ek de skuorren binne wer om 'e mûne hinne boud. De mûne is hielendal mealfeardich oplevere.
De offisjele iepening fan 'e mûne fûn plak op 13 maaie 2000 op 'e Nasjonale Mûnedei. Eigner is de stifting 'Molen De Weert'. De mûne wurdt beheard en ûnderholden troch frijwillige mûnders.
Sjoch ek De Vlijt (Meppel) De Sterrenberg (Nijefean)
Keppeling om utens Mûnedatabase Fer. De Hollânske Mûne Allemolens.nl
Kategory:Meppel Kategory:Mole yn Meppel (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1807 Kategory:Bouwurk út 1998 Kategory:Stellingmole Kategory:Nôtmole