De CLO 15 is in literêre kanon foar ien kear fan de kristlike literatuer. Dy kanon waard gearstald troch it Christelijk Literair Overleg (CLO), in organisaasje dy't romans út in kristlik perspektyf wei stimulearje wol. De kanon waard maart 2012 presintearre yn it magazine cv·koers en befettet 15 romans; dat tal waard keazen omdat it CLO by de presintaasje safolle jier bestie. Der waard benammen op literêre kwaliteit selektearre. Ek moasten de romans noch te krijen wêze en moast it ferskaat fan de kristlike literatuer sichtber wurde. De CLO 15 bestiet út:
Bé Nijenhuis, De Tornado, 1956 Maria Rosseels, Dood van een non, 1967 Frans Kellendonk, Mystiek Lichaam, 1986 Joke Verweerd, De Wintertuin, 1995 Pieter Nouwen, Het negende uur, 1997 Robert Haasnoot, Waanzee, 1999 Vonne van der Meer, Eilandgasten, 1999 Louis Krüger, Wederkomst, 2001 Willem Jan Otten, Specht en zoon, 2004 Marianne Witvliet, Kind van het water, 2008 Janne IJmker, Achtendertig nachten, 2008 Frans Verbaas, Heilig vuur, 2009 Mance ter Andere, Jij, 2010 Els Florijn, Het meisje dat verdween, 2010 Rick de Gier, Nineve, 2011
Kategory:Kanon (kultuer) Kategory:Kristlike keunst Kategory:Nederlânsktalige literatuer