De Pankratiustsjerke oan 'e Hoofdstraat yn it Drintske doarp Diever is in herfoarme PKN-tsjerke. De tsjerke wie foar de Reformaasje wijd oan 'e hillige Pankratius en is ien fan 'e âldste tsjerken fan Drinte.
Skiednis Op it plak fan 'e hjoeddeiske tsjerke stie al yn 'e 9e iuw in houten tsjerke. Letter makke de houten tsjerke plak foar in romaanske tsjerke fan dowestien. Yn 'e 14e iuw waard it rûnsletten koer ferfongen troch in goatysk, mearsidich koer. De romaanske tsjerke waard yn 'e 15e iuw stadichoan yn goatyske styl ferboud en útwreide mei in twadde skip op 'e súdlike kant mei in eigen sealtek, wêrby't yn 'e ûnderste dielen de frijkommende dowestiennen op 'e nij brûkt waarden. It súdlike sydskip wurdt ôfsletten mei de trijesidige Marijekapel.
It ûnderste diel fan 'e toer is 12e-iuwsk, de ferheging fan bakstien is 14e-iuwsk.
Yn 1759 waard de tsjerke troch de bliksem troffen mei in fûle brân as gefolch. De ferwulften waarden by de restauraasje fan 'e jierren 1950 wer rekonstruearre.
Ynterieur thumb|left|Oargel. De preekstoel yn 'e tsjerke is 18e-iuwsk, lykas ek de hearebank. Yn 'e toer hingje twa klokken. De âldste waard yn 1764 troch J. Borchhardt getten. It mechanysk oerwurk datearret fan 1656. It koer en de tsjerke hawwe stiennen ferwulften. It brânskildere raam yn it koer waard yn 1940 ynbrocht.
Oargel It oargel waard yn 1845 troch Petrus van Oeckelen foar de tsjerke fan Tjamsweer, Grinslân boud. Doe't dy dêr in nij oargel boude, dat yn 1880 troch syn soannen foltôge waard, ferhûze it âlde oargel nei de herfoarme tsjerke fan Diever, dêr't de bruorren Van Oeckelen it oargel yn 1882 wer opbouden. Yn it ramt fan 'e restauraasje fan 'e tsjerke healwei de jierren 1950 waard it oargel opslein en neitiid wer troch L. Rinkema opboud. De oargelkas waard by dy gelegenheid wyt skildere. Mense Ruiter restaurearre it oargel yn 1992. De kosten foar de restauraasje waarden byinoar brocht troch in subsydzje en de befolking fan Diever, sawol tsjerklik as net-tsjerklik. De Grinslânske oargelbouwer brocht de oargelkas wer yn 'e oarspronklike kleur en foege in Cornet yn 'e discant ta. Ek de kreake waard op 'e nij skildere en de draachpylders binne op 'e nij moarmere. It oargel hat ien manuaal, tsien registers en in oanhongen pedaal.
Keppeling om utens Orgels in Drenthe: skiednis en disposysje
Kategory:Tsjerkegebou yn Westerfjild Kategory:Ryksmonumint yn Westerfjild Kategory:Bouwurk út de 12e iuw Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Bouwurk út de 14e iuw Kategory:Bouwurk út de 15e iuw