The Hateful Eight is in Amerikaanske western- en skrillerfilm út 2015 ûnder rezjy fan Quentin Tarantino, mei yn 'e haadrollen Samuel L. Jackson, Kurt Russell en Jennifer Jason Leigh. De titel betsjut "De Unsympatike Acht", en is in ferwizing nei de westernklassiker The Magnificent Seven ("De Geweldige Sân"), út 1960. It ferhaal giet oer in preemjejager, dy't yn it Wylde Westen fan nei de Amerikaanske Boargeroarloch in frou finzennommen hat en wisberet is om 'e $10.000 te ynkassearjen dy't op har holle steane. Underweis nei de autoriteiten komt er yn in sniestoarm lykwols mei oare postkoetspassazjiers fêst te sitten yn in halteplak. The Hateful Eight krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en waard ek in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard yn 2016 nominearre foar trije Oscars en wûn de priis yn 'e kategory bêste orizjinele filmmuzyk foar de muzyk dy't skreaun wie troch Ennio Morricone. Dy wûn foar syn wurk oan The Hateful Eight datselde jiers ek in Golden Globe en in BAFTA.

Plot Yn 1877 is majoar b.tsj. Marquis Warren in negroïde feteraan út it Leger fan 'e Uny yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, dy't no as preemjejager wurket. Yn it winterske Territoarium Wyoming is er mei trije liken fan kriminelen mei in preemje op 'e holle ûnderweis nei de autoriteiten yn Red Rock as syn hynder fan útputting beswykt. Hy wit in lift te krijen yn in postkoets mei de koetsier O.B. op 'e bok en in oare preemjejager, John Ruth, yn it passazjierskompartimint. Ruth ferfiert sels ek in krimineel nei de autoriteiten: de froulike bandyt Daisy Domergue, op wa har holle mar leafst $10.000 stiet. Ruth stiet lykwols bekend as The Hangman ("De Boal") om't er syn kriminelen altyd libben by de autoriteiten ynleveret om ophongen te wurden. Warren fynt dat gekkewurk: der is gjin manear om sa gau oan jins ein te kommen as om in wanhopige finzene nei syn (of yn dit gefal har) wisse dea te eskortearjen.

Ruth is deabenaud dat oare preemjejagers him Daisy ûntstelle wolle om sels de hege preemje op har holle te ynkassearjen, en hy lit Warren inkeld yn 'e koets ta om't de beide mannen inoar ris earder troffen hawwe. Warren hat him doe ferteld dat er kunde hie oan 'e fermoarde presidint Abraham Lincoln, en hat him in brief fan 'e presidint oan himsels lêze litten. Ruth wol dat brief mei gragens nochris lêze. De postkoets pikt ûnderweis noch in passazjier op dy't yn 'e snie strâne is: Chris Mannix, in eardere strider foar de Ferlerne Saak fan 'e Konfederaasje (d.w.s. in Súdlik militêr yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch dy't nei de kapitulaasje fan it Suden noch in skoft trochfochten hat). Hy beweart de nije sheriff fan Red Rock te wêzen en praat himsels sa de postkoets yn om't hy de man wêze soe by wa't Ruth en Warren harren kriminelen ynleverje en harren preemjes útbetelle krije moatte. Ruth fertrout Mannix lykwols mar heal, en hy en Warren prate ôf om gear te wurkjen om inoars preemjes te beskermjen.

Underweis reitsje Warren en Mannix yn in ferhjitte diskusje oer harren beider rollen yn 'e Boargeroarloch. Warren beskôget Mannix' Marauders, de Súdlike ienheid dy't ûnder lieding fan Mannix syn heit stie, as net mear as in kliber moardners. Dêrop docht Mannix in boekje iepen oer Warren syn eigen oarlochsferline: de majoar hat in kriichsfinzenekamp yn Firginia yn 'e brân stutsen, wêrby't net allinnich 47 Súdlike soldaten libben ferbaarnd binne, mar ek 37 Noardlike kriichsfinzenen. Warren is dêrnei ûnearfol ûntslein út it leger.

De postkoets jaget foar in sniestoarm út en arrivearret krekt op 'e tiid by it halteplak Minnie's Haberdashery, in mânske blokhutte mei in stikkene doar, dy't tichtholden wurde moat troch in plankje yn 'e doar en de doarpost te spikerjen. Dêr is dy deis al in postkoets oankommen wêrfan't de passazjiers har taflecht yn it halteplak socht hawwe. Ruth en Warren-en-dy wurde der ynhelle troch Bob, in Meksikaan, dy't seit dat de eigneresse, Minnie, fuort is om har mem te besykjen en him ûnderwilens de lieding oer it halteplak jûn hat. Warren, dy't wol faker yn Minnie's Haberdashery komt, hat fuortendaliks syn twifels oer dat ferhaal.

De passazjiers út 'e oare postkoets binne Oswaldo Mobray, in rûnreizgjende boal dy't ûnderweis is nei Red Rock om 'e moardner fan 'e sheriff dy't Mannix ferfange sil op te hingjen; Joe Gage, in cowboy dy't ûnderweis is om 'e kryst by syn mem op in boerespultsje in ein bûten Red Rock troch te bringen; en Sanford Smithers, in eardere Konfederearre generaal dy't yn Wyoming is om it (lege) grêf fan syn al jierren fermiste soan te berêden. Harren koetsier hat yn 'e neite fan it halteplak kunde oan in frou, en is dêr hinne gien om te wachtsjen oant de sniestoarm foarby is. De erchtinkende Ruth ûntwapenet alle oanwêzigen útsein Warren, dy't opmerkt dat der in snoepke op 'e flier leit en dat ien fan Minnie har potten mei snobbersguod ûntbrekt.

As yn it halteplak it brief fan Lincoln oan Warren te praat komt, barst Mannix yn laitsjen út en seit dat it net oars kin as dat it in ferfalsking is. Warren jout ta dat dat sa is: it falske brief fan 'e fermoarde presidint is foar him in handich stik ark om in sympatike yndruk op blanken te meitsjen. Sa kin er bygelyks oan in rit yn in postkoets komme, wylst er oars efterlitten wêze soe om dea te friezen yn in sniestoarm. Ruth, dy't der moai ynstonken is, wurdt poerrazen, en it ynsidint soarget foar ferwidering tusken him en Warren.

Underwilens ken Mannix generaal Smithers werom. As Warren heart wa't de âldman is, beskuldiget er him fan oarlochsmisdieden, om't er nei ôfrin fan 'e Slach by Baton Rouge alle negroïde kriichsfinzenen deasjitte litten hat. Smithers, in fûleindich rasist, jout dat grif ta en skammet him der net foar. Warren wol him deasjitte, mar Mannix wiist derop dat de âldman gjin wapens hat en dat soks moard wêze soe, en dat er Warren dêrfoar ophingje moatte soe. Warren jout belies, mar in skoftke letter smyt er it oer in oare boech. Hy lit ien fan syn revolvers op it taffeltsje njonken de stoel fan Smithers efter en stekt dan in ferhaal ôf oer hoe't er de fermiste soan fan 'e generaal martele, ferkrêfte en úteinlik fermoarde hat. As Smithers op 't lêst nei de revolver grypt, sjit Warren him dea. Hy kin dan net ferfolge wurde foar moard om't it selsferdigening wie.

Wylst Warren op omslachtige wize syn ferhaal hold, hat immen de kofje fergiftige. Daisy Domergue is de iennichste dy't dat sjoen hat, mar hja hâldt har stil. John Ruth en O.B., de koetsier, drinke fan 'e kofje, en begjinne op in stuit hiele mûlfollen bloed op te jaan. O.B., dy't in hiele kop hân hat, rekket al rillegau dea, mar Ruth, dy't fan syn kop inkeld in pear lytse slokjes nommen hat, warskôget Mannix, dy't himsels ek ynskonken hie en op it punt stiet in slok te nimmen. Wylst er al stjerrende is, falt Ruth dêrnei Daisy oan, dy't er foar syn fergiftiging ferantwurdlik hâldt. Se wrakselje oer de flier foar't Daisy de revolver fan Ruth te pakken wit te krijen en him deasjit.

Neitiid wurdt se lykwols ûntwapene troch Warren, dy't har mei hânboeiens oan it lyk fan Ruth fêstsitte lit. Hy bedriget ek alle oaren mei syn revolver, om't er net wit wa't de kofje fergiftige hat. De iennichste dy't er fertrout is, iroanysk genôch, Mannix, om't dy op in hier nei ek fan 'e kofje dronken hat. Warren oppenearret no iepentlik syn wantrouwen foar Bob oer. Hy fertelt dat de swarte Minnie mei eltsenien opsjitte kin, útsein mei Meksikanen, tsjin wa't se in protte foaroardielen hat. It is dan ek net botte wierskynlik dat se it halteplak oan in Meksikaan op 'e noed jûn hat. Minnie har blanke partner Sweet Dave hie it foar de moade om frijwol de hiele dei yn syn stoel te sitten, en hoewol't Warren it fiersocht mar mooglik achtet dat Minnie op famyljebesite gien is by har mem, en dat se Sweet Dave meinommen hat, is er derfan oertsjûge dat as dat sa wêze soe, Sweet Dave perfoarst syn stoel meislepe soe. As er de pels fuortlûkt dy't oer de rêchlining fan 'e stoel hinget, blykt der yn 'e stof fan 'e rêchlining in grut bloedplak te sitten. Warren liedt dêrút ôf dat Bob in bedrager is dy't Minnie en Sweet Dave en eltsenien dy't de pech hie om op dat stuit yn it halteplak oanwêzich te wêzen, fermoarde hat. Dêrop sjit er Bob dea.

Mar om't Bob ûnder Warren syn monolooch oer it lot fan 'e soan fan Smithers it hiele skoft Stille Nacht op 'e piano sitten hat te spyljen, kin hy net dejinge wêze dy't de kofje fergiftige hat. As Warren driget om Daisy om hals te bringen, jout Joe Gage ta dat hy de kofjefergiftiger is. Sûnder erch is Warren lykwols op it kelderlûk stean gien, en in man dy't him al dy tiid yn 'e kelder beskûl holden hat, sjit him troch it lûk hinne yn 'e geslachtsdielen. Dêrop lûkt Mobray in ferburgen revolver en sjit Mannix del, dy't weromsjit en Mobray ferwûnet.

It ferhaal makket dan in stap werom yn 'e tiid. Earder dy deis arrivearje Bob, Mobray, Gage en Daisy har broer Jody Domergue mei de earste postkoets yn it halteplak mei it plan om John Ruth dêr op te wachtsjen en Daisy te befrijen. Se fermoardzje op ûnmeilydsume wize harren eigen koetsier Ed en dy syn byriidster Six-Horse Judy, Minnie, Sweet Dave, Minnie har tsjinstfaam Gemma en har stâlfeint Charly. Gemma lit dêrby in grutte glêzene pot fol snobbersguod oan diggels falle. Sweet Dave komt om yn syn dierbere stoel. Charly naait út en wurdt troch de doar hinne delsketten, wêrby't de doar nei gychem giet. De iennichste oerlibbene fan it bloedbad is generaal Smithers, dy't troch it oanboazjende waar al ferskate dagen yn it halteplak fêstsit. De banditen beslute him yn libben te litten, om't it echter lykje sil as net alle oanwêzigen jongemannen binne. Smithers beswart harren dat er der net waarm of kâld fan wurdt dat se Minnie-en-dy ombrocht hawwe en ûnthjit it spultsje mei te spyljen. Neitiid smite de banditen de liken fan harren slachtoffers yn 'e saad en romje de diggels en it fersille rekke snobbersguod op. Se himmelje de bloedplakken fan 'e houtene flier en hingje in pels oer it bloedplak yn 'e stoel fan Sweet Dave. Dêrnei ferskûlet Jody Domergue him yn 'e kelder, wylst Bob beart dat er de lieding oer it halteplak hat en Mobray en Joe Gage harren foardogge as strâne reizgers. Yn 'e fierte sjogge se de twadde postkoets al oankommen.

Werom yn 'e hjoeddeistige tiid binne Mannix, Warren en Mobray alle trije swierferwûne rekke. Mannix en Warren hâlde Daisy, Gage en Mobray ûnder skot, en as se dermei driigje om Daisy dea te sjitten, komt Jody út 'e kelder foar it ljocht om him oer te jaan. Warren sjit him daliks dea. Neitiid jout Daisy ta dat har broer de lieder fan 'e Domergue-binde wie. "Bob" wie eins Marco the Mexican, Mobray is English Pete Hicox en Gage is Grouch Douglass, allegear banditen mei in preemje fan $10.000 op harren hollen. As Daisy en Mobray Warren fergje, sjit er Mobray dea. Dêrop hellet Gage in revolver foar it ljocht dy't er ûnder de tafel oan in spiker ophongen hie, mar Mannix en Warren sjitte him dea. Warren wol Daisy ek deasjitte, mar dan docht bliken dat syn munysje op is. Warren is net by steat om fan it plak te kommen en in oar wapen te pakken, en Mannix wol it him net jaan.

Daisy wol mei Mannix ûnderhannelje en hy wol wol hearre wat se te bieden hat. Se fertelt dat de oare fyftjin leden fan 'e binde yn Red Rock wachtsje foar it gefal dat de befrijing fan Daisy yn it halteplak net slagje soe. Se biedt Mannix oan om him libben gean te litten mei alle deasketten bindeleden útsein har broer (sadat er de preemjes op harren hollen ynkassearje kin). Yn ruil dêrfoar moat er Warren deadzje en har gean litte. As er dêr net mei ynstimt, sil de binde Mannix fermoardzje en Red Rock plonderje. Mannix wiist har foarstel ôf, mei't er tinkt dat de oanwêzige bindeleden de hiele binde foarmen en dat de fyftjin oaren inkeld yn Daisy har fantasij besteane.