Rush Hudson Limbaugh III (Cape Girardeau (Missoery), 12 jannewaris 1951 - Palm Beach (Floarida) 17 febrewaris 2021 wie in Amerikaanske radio-persoanlikheid, konservatyf polityk kommentator, skriuwer en tillefyzjepresintator. Hy wie benammen ferneamd as presintator fan The Rush Limbaugh Show, dy't op AM en FM radiostjoerders oer it gânse lân hinne útstjoerd waard.

Rush Limbaugh wie ien fan de measte beharke radio-persoanlikheden yn de Feriene Steaten. Yn 2018 waard syn ynkommen op de list fan Forbes $84,5 miljoen steld. Yn desimber 2019 rûsde Talkers Magazine dat er sa'n 15,5 miljoen harkers yn de wike oanluts, en dat syn show de meast beharke show op de radio wie. Limbaugh hat ek sân boeken skreaun, wêrûnder de earste twa The Way Things Ought to Be (1992) en See'I Told You So (1993), dy't op de New York Times-bestsellerlist ferskynden.

Rush Limbaugh waard yn de 1990-er jierren ien fan de foarnaamste bekendheden yn de konservative beweging yn de Feriene Steaten, nei't de Fairness Doctrine yn 1987 opheft waard. Hy waard ferneamd om syn streekrjochte, delbêdzjende (fan benammen progressive politisy) spraakgebrûk en kritisy beskuldigen him derfan de poltike twaspjalt yn it lân fergrutte te hawwen. Limbaugh die gauris kontroversjele útspraken oangeande rassen, it homohoulik, feminisme en seksisme. Hy oppenearre dat de opwaarming fan de ierde net wier is en wie in grut foarstanner fan de Amerikaanske ynminging yn it Midden-Easten.

Yn de State of the Union taspraak fan 2020 krige er fan presidint Donald Trump de Presidential Medal of Freedom (de presidintlike frijheidsmedalje).

Jonkheid en oplieding Rush Limbaugh waard berne op 12 jannewaris 1951 yn Cape Girardeau (Missoery) as soan fan Rush Hudson Limbaugh II en Mildred Carolyn Limbaugh (famkesnamme: Armstrong). Syn famylje fan syn heitekant wie fan Dútsk komôf en wie in foaroansteande famylje yn it súdeasten fan Missoery. Syn broer David Limbaugh is ek in konservatyf polityk kommentator; syn heit wie in abbekaat en wie in gefjochtspiloat yn de Twadde Wrâldkriich; syn pake, Rush Limbaugh Sr., wie in oanklager, en letter rjochter yn it rjochtsysteem fan Missoery en wie lid fan it Hûs fan Offurdigen yn de steat Missoery yn de 1930-er jierren; syn omke, Stephen N. Limbaugh Sr., wie in federale rjochter foar it Federale Distrikt fan eastlik Missoery; syn neef Stephen N. Limbaugh Jr., waard troch presidint George W. Bush oan deselde rjochtbank as rjochter oansteld. Syn mem kaam út Searcy (Arkansas)

Yn 1969 slagge er fan Cape Girardeau Central High School, dêr't er Amerikaansk fuotbal spile. Doe't er 16 jier âld wie wurke er foar in pleatslike radiostjoerder. Hy brûkte de namme Rusty Sharpe, om't er "Sharpe" yn in tillefoanboek fûn hie. Limbaugh sei letter dat de dj Larry Lujack fan Chicago in soad ynfloed op him hie. Rush Limbaugh syn mem sie dat radio it iennichste wie dat him ynteresearre; alle oare dingen koe him neat skele. In grut part fan syn libben besocht er syn heit tefreden te meitsjen en by him yn de geunst te kommen.

Karriêre Iere karriêre Yn febrewaris 1971 heake er fan kolleezje ôf en begûn er as dj foar de Top 40-radiostjoerder WIXZ yn McKeesport (Pennsylvania). Hy brûkte dêr de bynamme "Bachelor Jeff" Christie. Yn 1973, nei achttjin moanne, krige Limbaugh dien, om't er net mei syn baas oer de wei koe. Hy sette dêrnei út ein by radiostjoerder KQV yn Pittsburgh, dêr't er yn ein 1974 dien krige. Nei't er de iennige oanbieding fan doe yn Neenah (Wiskonsin) ôfsloech, gie er werom nei syn heit en mem yn Cape Girardeau. Yn dy snuorje waard er foar de rêst fan syn libben in fan fan de Amerikaanske fuotbalklup, de Pittsburgh Steelers.

Yn 1975 sette er út ein mei in middeisprogramma op de Top 40-radiostjoerder KUDL yn Kansas City (Missoery). Hy waard al rillegau de programmammakker fan in programma dy't moarns yn it wykein útstjoerde, dêr't er stadichoan syn kontroversjele ideeën op it aljemint brocht. Yn 1977 krige er lykwols al wer dien en begûn yn Kansas City mei in jûnsprogramma by KFIX. Nei in pear wike krige er spul mei it behear fan de radiostjoerder en krige er fannijs dien. Limbaugh begûn syn selsbetrouwen as radio-persoanlikheid te ferliezen en tocht dat er miskien in oare rjochting op sykje moast. Hy socht in dieltiids baan by de honkbalklup Kansas City Royals en waard letter in foltiids meiwurker. Hy waard yn dy snuorje goede freonen mei spiler George Brett. Limbaugh sei letter dat sakereizen nei Jeropa en Aazje syn konservative ideeën foarmjoegen, om't der yn dy lannen in legere libbensstandert as yn de Feriene Steaten wie.

Yn novimber 1983 kearde Limbaugh werom nei de radio by AM-stjoerder KMBZ yn Kansas City. Dêr besleat er tenei syn eigen namme te brûken. Hy krige dêr dien en begûn stikmannich wiken letter by KFBK yn Sacramento (Kalifornje), dêr't er Morton Downey Jr. ferfong. Syn programma sette op 14 oktober 1984 út ein. Op 5 augustus 1987 waard de Fairness Doctrine, dêr't stjoerders ferplichte waard beide kanten fan in kontroversjeel ûnderwerp ta te ljochtsjen, opheft. Dêrnei koene stjoerders kontroversjele ûnderwerpen behannelje sûnder om nei de oare kant te sjen. Daniel Henninger skreau in opinystik yn de Wall Street Journal en skreau: "Ronald Reagan bruts dizze muorre ôf (de fairness doctrine) yn 1987.... Rush Limbaugh wie de earste man dy't himsels as befrijd fan it East-Dútslân fan de oerhearskjende liberale media útrôp".

Trochbraak thumb|Logo fan The Rush Limbaugh Show Yn july 1988, nei syn sukses yn Sacramento, krige er it omtinken fan de direkteur fan ABC Radio, Edward McLaughlin, en sette Limbaugh út ein mei in nij programma, the Rush Limbaugh Show, op WABC (AM) yn New York, dy't ornearre wie foar praatprogramma's. Dy stjoerder waard de haadstjoerder, dêr't ferskate selsstannige stjoerders (de saneamde affiliates) oan ferbûn wiene, en bleau dat sels nei't Limbaugh nei West Palm Beach (Floarida) ferhuze wie. Op 1 jannewaris 2014 ferhuze Rush Limbaugh syn programma nei WOR (AM), ek yn New York.

Yn 1990 makke Limbaugh in stikmannich presintaasjes troch it lân hinne en makke dêrmei, nei in rûzing, sa'n $360.000. Yn desimber fan dat jier skreau sjoernalist Lewis Grossberger yn de New York Times dat Limbaugh mear harkers hie as oare praatprogramma's. Syn programma waard oer 650 radiostjoerders útstjoerd.

Nei't Bill Clinton yn 1992 de presidintsferkiezings wûn hie, stuts Limbaugh gauris de gek mei it belied fan Clinton en syn frou, Hillary Clinton, allyk as mei oaren fan de Demokratyske Partij. Nei't de Republikeinen de midtermynsferkiezings fan 1994 wûnen, yn beide de Senaat en it Hûs fan Offurdigen, dat de saneamde Republikeinske Revolúsje neamd waard, laat troch Newt Gingrich, krige Rush Limbaugh de earelidmaatskip troch harren oanbean, om't se fûnen dat hy in grutte rôl yn harren sukses spile hie.

Yn 2001 krige er problemen mei syn gehoar en neffens syn sizzen waard er hast folslein dôf, mar hy gie noch wol troch mei syn programma. Hy krige syn gehoar foar in grut part werom mei help fan in kochleêr ymplanaat.

Yn 2003 waard er foar in koart skoftke kommentator foar Amerikaansk fuotbal op stjoerder ESPN. Hy moast al nei in pear wike, nei't it seizoen fan de NFL begûn wie , dien nimme, nei't er delbêdzjende útspraken die oer de Afro-Amerikaanske quarterback Donovan McNabb, en dêrtroch beskuldige waard fan rasisme.

Lettere ûntwikkelings Yn 2003 makke Limbaugh buorkundich dat er ferslave wie oan pynpillen, en dat er behanneling dêrfoar oan it sykjen wie. Yn 2006 joech er himsels by de plysje fan West Palm Beach oan, nei't der in arrestaasjebefel tsjin him útfeardige wie foar fraude mei it foarskriuwen fan medisinen. Syn strafblêd waard letter skrast.

Yn 2013 waard der ferslach troch ferskate nijsrûnten dien dat Cumulus Media, dy't in soad radiostjoerders behearde dy't de programma's fan Rush Limbaugh útstjoerden yn guon grutte merken lykas New York, Chicago, Dallas, Washington D.C. en Detroit, oerwage, wannear't it kontrakt mei Limbaugh oan de ein fan it jier ôfrûn, net mear fernije te litten út noed oer it weromlûken fan grutte advertearders nei kontroversjele útspraken fan Limbaugh. Neffens Limbaugh wiene dy ferslaggen oerdreaun en wie it neffens him in gefal fan "rûtine dollars en sinten ûnderhannelings" tusken Cumulus en syn netwurksyndikaatpartner Premiere Networks. De twa partijen kamen lang om let ta in oerienkomst dat der ta late dat Limbaugh syn programma fan WABC, dy't troch Cumulus beheard waard, nei WOR, dy't troch Clear Channel Radio beheard waard, ferhuze op 1 jannewaris 2014. Limbaugh syn programma waard noch wol op Cumulus-stjoerders útstjoerd op oare merken.

Opfettings Yn syn earste New York Times bestseller, beskreau Limbaugh himsels as in konservatyf, en utere er krityk op omroppers dy't bewearden dat se objektyf wiene. Hy trúnde oan op it oannimmen fan uterst konservative ideeën, om't dat neffens him de wissichheid wie foar it oerlibjen fan de Republikeinske Partij. Hy wie in foarstanner fan it Amerikaansk eksepsionalisme en bêde politisy del, dy't it neffens him net sa seagen, as "anty-amerikaansk".

Minderheden Limbaugh wie bekend om syn rasistyske útspraken oangeande Afro-Amerikanen. Hy hie ris oppenearre dat alle krantefoto's foar kriminelen, dy't socht waarden, op Jesse Jackson liken. Ek sei er ris dat de NFL te faak op in spul tusken de Bloods en Crips, twa Afro-Amerikaanske kriminele binden yn Los Angeles dy't fijannich foarinoar oer stiene, liken sûnder wapens. Yn 2008 sei er dat Afro-Amerikanen, ta tsjinstelling fan oare minderheden, yn in sosjale efterstân sieten, om't se fan jongs ôf oan leard binne om de Feriene Steaten te haatsjen.

Limbaugh beskuldige progressive politisy gauris dêrfan dat hja de oanset joegen foar yllegale ymmigraasje, mar harren tagelyk mismoedigje om harren oan te passen yn de Amerikaanske maatskippij, sa't der rasse-ûngelikens bliuwt en dat dat ta foardiel fan de Demokraten wêze soe. Dat soe neffens Limbaugh it yninoar sakjen fan de demokrasy en de regel fan de wet yn de Feriene Steaten feroarsaakje.

Ek hie er de gek mei de genoside fan de Yndianen en sei: "Holokaust 90 miljoen yndianen? Allinnich noch mar 4 miljoen oer? Hja hawwe allegear kasino's, wat is dêr no oer te kleien?"

Homoseksualiteit Limbaugh die gauris homofobe útspraken en seach homoseksualiteit is eat "ûnhygiënysk". Hy krêke de HIV/AIDS-besmettings ôf en oppenearre dat it troch polityk lofts oerdreaun waard. Ek bewearde er dat AIDS net oerdroegen waard oan heteroseksuëlen. Ek die er yn de iere 1990-er jierren syn saneamde AIDS Update, dêr't er de gek hie mei homoseksuëlen dy't oan AIDS ferstoarn waarden. Letter sei Limbaugh dêroer dat it "meast spitige ding dat ik ea dien hie". Yn 2013 neamde er it homohoulik in ferlerne saak. Yn febrewaris 2020 foarsei Limbaugh dat Pete Buttigieg, dy't in presidintskandidaat fan de Demokraten wie, de ferkiezings net winne koe, om't er homofyl is.

Drugs Limbaugh wie der fûl op tsjin op it wetlik tastean fan drugs. Hy trúnde derop oan om drugsbrûkers swierdere straffen te jaan. Kritisy fan him neamden syn útspraken skynhillich en ferwiisden nei syn eigen ferslaving oan pynpillen.

Miljeu Limbaugh hie in soad krityk op de miljeubeskerming en klimaatwittenskip, en fersmiet it ferbân tusken GFK's en it tinner wurden fan de ozonlaach, en miende er dat wittenskiplik bewiis dy teory tsjinsprekt. Hy miende dat it opwaarmjen fan de ierde in "hoax" wie en dat it "in nustje wittenskippers om in politike beweging hinne organisearre" is. Hy neamde miljeubeskermers dy't lofts oriïntearre wiene "miljeugekken". Limbaugh skreau dat der hjoed-de-dei sels mear bunder boskgebiet yn de Feriene Steaten is as doe't Kolumbus Amearika ûntduts yn 1492. Der is lykwols 75% minder bosk as dat der yn 1630 wie.

Feminisme