De Stefanustsjerke is in goatyske tsjerke yn it Drintske doarp Westerbork.
Skiednis De tsjerke fan Westerbork datearret út it begjin fan 'e 15e iuw. De toer is foar in part âlder, it ûnderste diel datearret út de 13e iuw, wylst yn 1778 it boppeste diel boud waard. Oarspronklik stie op it plak in houten kapel, dy't om 1360 hinne ferfongen waard troch in stiennen tsjerke.
Yn 'e roomske tiid wie de tsjerke wijd oan Stefanus, lykas ek de tsjerke fan Beilen, de parochy dêr't Westerbork oarspronklik ûnder foel. Nei de reformaasje rekke de namme fan 'e tsjerke yn ûnbrûk, mar yn 2007 krige de tsjerke de âlde namme werom.
Ynterieur
De nachtmielstafel is 17e-iuwsk en de preekstoel waard yn 1778 boud. Yn 'e tsjerke hinget in mei wapenskylden fersierde koperen kroanluchter út 1783.
De tsjerke besit twa skilderijen fan Reinhart Dozy, dy't fan 1939 oant syn ferstjerren yn 1947 yn it oanbuorjende Elp wenne. Hy skildere froulju yn Drintske klaaiïng as hja nei tsjerke gyngen. Sûnt 2012 hinget yn 'e tsjerke in tredde skilderij. It is in wurk fan 'e skilder Louis Albert Roessingh út it begjin fan 'e 20e iuw, dy't ek yn Elp wenne, en dat in doopplechtichheid foarstelt.
Oargels It ienmanualige oargel komt oarspronklik út de Bitgumer Sint-Martinustsjerke. Dêr bouden Christian Müller en Johann Michael Schwartsburg it oargel mei gebrûk fan âlder materjaal yn 1726. Doe't Petrus van Oeckelen foar Bitgum in nij oargel boude, krige it âlde oargel yn 1862 in plak yn Westerbork.
Sûnt 1985 besit de tsjerke ek in kistoargel.
Tsjerkesegel Lykas yn it wapen fan 'e eardere gemeente Westerbork wurdt yn it segel fan 'e tsjerke in wite falk ôfbylde. De fûgel ferwiist nei it saneamde falkejild, dat de parochy Beilen (dêr't Westerbork earder ûnder foel) betelje moast foar de ôfdracht fan in wite falk oan 'e biskop fan Utert. Keppeling om utens Orgels in Drenthe: skiednis oargel Stefanustsjerke Westerbork Orgelsite: disposysje
Kategory:Tsjerkegebou yn Midden-Drinte Kategory:Ryksmonumint yn Midden-Drinte Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân