Joukje Postma (Mullum, 3 febrewaris 1877 - ûnbekend) wie in Fryske koartebaanrydster.

Postma waard berne yn Mullum. Se wûn har earste wedstriid yn desimber 1890. Se wûn yn totaal njoggen prizen, fiif preemjes en twa gratifikaasjes. De prizen wiene almeast in som jild, mar ek in gouden earizer en in medalje. Postma har lêste wedstriid wie yn 1899 yn Ljouwert dêr't hja it earizer bemachtige. Neffens har âlden ried se de 160 meter yn 14 sekonden; se leaude dat sels ynearsten net en tocht dat se der sa'n 17 sekonden oer dien hie.

Prestaasjes 1890-91 1e priis - 22 desimber 1890 yn Berltsum, manlju/froulju kompetysje

1891-92 gratifikaasje (f 5,-) - 11 jannewaris 1892 yn Ljouwert

1893-94 preemje (f 15,-) - 12 jannewaris 1894 yn Frjentsjer priis (f 15,-) - 22 febrewaris yn Lekkum

1894-95 premium (f 7,5) - 23 jannewaris 1895 yn Wynaam priis (f 12,-) - 28 jan. 1895 yn Hurdegaryp priis (f 15,-) - 29 jan. 1895 yn Jellum gratifikaasje (f 2,5) - 2 febrewaris 1895 yn Sâltkamp preemje (f 25,-) - 11 febr. 1895 op de stedsgrêft yn Ljouwert, kompetysje fan 31 riders priis (f 20,-) - 13 febr. 1895 yn Sleat priis (f 100,- en in sulveren medalje) - 16 febr. 1895 yn Ljouwert, kompetysje fan 41 riders

1896-97 preemje (f 10,-) - 28 desimber 1896 yn Grypskerk priis (f 20,-) - 17 jannewaris 1897 yn Sibrandabuorren priis (f 35,-) - 22 jannewaris 1897 yn Snits preemje (f 10,-) - 26 jannewaris 1897 yn Frjentsjer

1898-99 priis: gouden earizer - 3 February 1899 in Ljouwert, competition of 29 riders

Kategory:Frysk reedrider Kategory:Persoan berne yn Mullum Kategory:Persoan berne yn 1877