De Herfoarme tsjerke oan 'e Doarpsstrjitte is in goatysk tsjerkegebou yn Nijefean (Nijeveen) yn 'e provinsje Drinte.
Skiednis Yn 1477 waard Nijefean in selsstannige parochy en losmakke fan 'e parochy Havelte. De tsjerke waard dus noch yn 'e katolike tiid boud en wijd oan Sint-Barbara.
De kape wurdt droegen troch byntwurk. Yn 1627 fûn der in ferbouwing plak en doe binne nei alle gedachten de houten sydmuorren fan it tsjerkeskip troch stiennen muorren ferfongen. De sydmuorren waarden yn 'e 19e iuw ferhege, wêrby't ek de kape feroare waard. By de restauraasje fan 'e tsjerke yn 'e jierren 1976-1977 waarden de 19e iuwske feroarings werom draaid.
Ynterieur
De preekstoel stiet oan 'e meast eastlike muorre fan it koer en datearret fan 1744. Yn it koer stiet in offertafel út de katolike tiid. Oer de flier leit dêr in sark út 1506 mei in tsjelk en hosty, itjinge wiist op it grêf fan ien fan 'e earste preesters fan 'e tsjerke. De nachtmielstafel datearret fan 1631.
Yn it tuorke hinget in liedklok, dy't getten waard yn 1947. De klok ferfong âldere klokken út 1613 en 1849.
Oargel It oargel waard yn 1846 troch Schulting en Maarschalkerweerd út Utert foar in partikulier boud. It stie letter yn 'e herfoarme tsjerke fan Zierikzee en sûnt 1887 yn de kristlik-grifformearde tsjerke fan Meppel. De herfoarme gemeente fan Nijefean kocht it oargel yn 1897 oan en Jan Proper boude it yn 'e tsjerke op. De oargelkreake datearret fan 1955. By de rekonstruksje fan it oargel yn 1978 krige it ynstrumint de hjoeddeiske oargelkas.Orgelsite, oproppen 18 febrewaris 2021
Keppeling om utens Orgelsite: Disposysje oargel
Kategory:Tsjerkegebou yn Meppel (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1477 Kategory:Ryksmonumint yn Meppel (gemeente) Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân