thumb|Lutske Wester Lutske Wybes Wester (Earnewâld, 24 april 1870 - Eastermar, 19 jannewaris 1912)Stambeam Weening wie in Fryske, tige súksesfolle, 19e-iuwske koartebaan hurdrydster.

Lutske Wester wie in dochter fan Wybe Harrits Wester en Grietje Andries Meyer.Boargerlike Stân Tytjerksteradiel - Tresoar. Diel: 1040, Perioade: 1870, Tietjerksteradeel, argyf 30-37, ynventaris­nû­mer 1040, 26 april 1870, Berteregister 1870, aktenûmer 142 Doe't se 15 jier wie, ried se har earste wedstriid yn Grins. Sy wie tusken 1885 en 1908 aktyf as hurdrydster. Yn de strange winter fan 1890 op 1891 wûn hja yn 11 dagen tsien earste prizen en ien twadde priis. Se ried wedstriden mei ferskate persoanen dêr't har oerwicht by bliken die.

Der wurdt skreaun dat Wester in dreech en in swier libben hie. Se troude twaris. Har earste houlik wie mei Tjipke Wijmenga; se krigen ien soan. Har twadde houlik wie mei Cornelis Laverman yn 1909. Se arbeide hiel hurd op de pleats. Ek doe't har bern noch mar 14 dagen âld wie, wie se al wer oan it riden. Sy stoar jong op 20 jannewaris 1912, 41 jier âld.

Lutske Wester wie in muoike fan hurdrydster Griet Bijlsma (* 1915), ek fan Earnewâld.

Prestaasjes Unfolslein

Yndivideel 1st priis (f 19,-) - 9 jannewaris 1891 yn Ljouwert 1st priis (f 20,-) - 22 jannewaris 1892 yn Boarnburgum 1st priis (f 40,-) - jan. 1892 yn Ljouwert 1st priis (f 25,-) - jan. 1893 yn Frjentsjer 1st priis (f 50,-) - 11 febrewaris 1894 yn Ljouwert

Mei neef Harrit Popkes Wester 3e priis (f 20,-) - 1 febrewaris 1895 yn Ljouwert 3e priis (f 10,-) - 3 feb. 1895 yn Ljouwert 2e priis (f 70,-) - 16 jan. 1897 yn Drachten 1e priis (f 70,-) - 2 des. 1889 yn Grou 1e priis (f 60,-) - 11 des. 1890 op De Jouwer 1e priis (f 100,-) - 13 des. 1890 yn Ljouwert 1e priis (f 150,-) - 15 des. 1890 yn Ljouwert 1e priis (f 80,-) - 16 des. 1890 yn Aldtsjerk 1e priis (f 40,-) - 24 des. 1890 yn Wolvegea 2e priis (f 40,-) - 26 des. 1890 yn Berltsum 1e priis (f 100,-) - 29 des. 1890 yn Dokkum 1e priis (f 40,-) - 6 jan. 1891 yn Frjentsjer

Mei neef Rinse Gerrits Wester 1e priis (f 100,-) - jannewaris 1893 yn Ljouwert

Mei Douwe van der Meer 3e priis (f 15,-) - 31 jan. 1895 yn Aldtsjerk 4e priis (f 10,-) - 4 febr. 1895 yn Ljouwert

Mei Wybren Fokkema (Hurdegaryp) 1e priis - 1897-98 yn Warten

Mei Auke Spijkstra (Himpens) 2e priis (f 30,-) - 9 jannewaris 1901 yn Ljouwert

Mei Wierd Velstra (Aldtsjerk) 1e priis (f 40,-) - 8 jannewaris 1894 in Grou 1e priis (f 120,-) - jannewaris 1894 yn Dokkum 1e priis (f 60,-) - 4 febrewaris 1895 yn Ljouwert 1e priis (f 30,-) - 6 feb. 1895 yn Sleat 1e priis (f 20,-) - 8 feb. 1895 yn Balk 1e priis (f 100,-) - 15 feb. 1895 yn Grins 1e priis (f 60,-) - 14 jan. 1897 yn Aldtsjerk 1e priis (f 60,-) - 20 jan 1899 yn Aldtsjerk 2e priis (f 50,-) - 16 des. 1899 yn Ljouwert 2e priis (f 15,-) - 21 des. 1901 yn Wolvegea 2e priis (f 20,-) - 10 jan. 1901 op De Jouwer 1e priis (f 60,-) - 12 jan. 1901 yn Aldtsjerk 1e priis (f 120,-) - 15 jan. 1901 yn Dokkum 1e priis (f 60,-) - 17 jan. 1901 yn Aldtsjerk 1e priis (f 100,-) - 18 feb. 1902 yn Ljouwert 2e priis (f 20,-) - 8 des. 1902 yn Grou 1e priis (f 80,-) - 9 des. 1902 yn Ljouwert 2e priis (f ?,-) - 5 jan. 1904 op De Jouwer 1e priis (f 80,-) - 24 jan. 1905 op It Hearrenfean

Mei Gerrit Woude (Doezum) 1e priis (f 60,-) - 15 jannewaris 1908 yn Swol 3e priis (f 40,-) - 16 jannewaris 1908 yn Dokkum

Literatuer , Hardrijders en hardrijdsters in vroeger en later jaren (1936); , Vrouwen in de hardrijdersbaan (Assen, 1948).

Kategory:Frysk reedrider Kategory:Persoan berne yn Earnewâld Kategory:Persoan stoarn yn Eastermar Kategory:Persoan berne yn 1870 Kategory:Persoan stoarn yn 1912