De Singeltsjerke is in eardere grifformearde tsjerke en tsjintwurdich de PKN-tsjerke fan Coevorden.

Skiednis Yn 1842 fûn yn Coevorden de ynstitúsje fan 'e ôfskieden tsjerke plak. Sûnt 1852 tsjinne in ferboude smidterij de grifformearden fan Coevorden ta tsjerke. Oan 'e arsjitekt Meppelink waard yn 1911 frege om in nije tsjerke te ûntwerpen, wêrfoar't op 15 augustus 1912 de earste stien lein waard.

De yn 1913 yn gebrûk nommen tsjerke krige oan it begjin fan 'e jierren 1950 in oanbou foar de jongerein, dy't yn 1990 ôfbrutsen en ferfongen waard troch it nije gebou "De Hoekstien".

Mei de fúzje fan 'e herfoarme en grifformearde gemeente yn 2022 ta ien protestantske gemeente, waard besletten dat de Singeltsjerke oanholden en de Krústsjerke ôfstjitten waard.RTV Drinte: Hervormde en gereformeerde kerk Coevorden gefuseerd tot één protestantse gemeente, 21 maart 2022. Oargel It oargel waard yn 1912 troch Martinus Vermeulen út Woerden boud, dy't fakentiden materiaal fan eardere oargels by de bou fan nije oargels tapaste. It wie in twamanualich ynstrumint mei 13 registers en oanhongen pedaal. Yn 1940 waard it oargel troch Valckx en Van Kouteren út Rotterdam fergrutte en krige doe in elektryske wynfoarsjenning. Yn 'e jierren 1961 fernijde G.A.C. de Graaf út Amsterdam it oargel en wreide it mei in rêchposityf út. Nei't tsjin 'e ein fan 'e jierren 1980 bliken die dat it ûnderhâld fan it oargel striemin wie, waard besletten om Mense Ruiter te freegjen it ynstrumint te renovearjen. Op it haadwurk sette Mense Ruiter in Trompet 8′ fan Bakker & Timmenga út 1913, dy't fan in oargel út Mitselwier ôfkomstich is.

Nei de restauraasje wie de disposysje feroare en telde it oargel 22 registers en 1373 pipen, ferdield oer haadwurk, rêchwurk en pedaal.

Sjoch ek Krústsjerke (PKN) Sint-Willibrordustsjerke (RK) Keppeling om utens Orgels in Drenthe: beskriuwing en skiednis oargel Orgelsite: disposysje oargel

Kategory:Tsjerkegebou yn Coevorden (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1913 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân