Hildebranda (Hilda) Kanselaar-de Vries (Snits, 1950) is in Nederlânskske byldhouwer en skilder fan Frysk komôf.RKD

Libben wurk Kanselaar is in dochter fan de skilder Sjoerd de Vries (1909-1996), har mem wie huoddemakster. Se waard oplaat oan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert, ôfdieling Monumintale Foarmjouwing.P.M.J. Jacobs (1993) Beeldend Nederland : biografisch handboek. Tilburg: Utjouwerij drs. P.M.J. Jacobs BV. Vol 1, s. 585. Yn 1988 studearre se ôf oan de learare-oplieding handvaardigheid en tekenjen; dêrnei waard se learares yn it fuortset ûnderwiis.Flevoland Erfgoed: De negen kokkels Kanselaar is aktyf as monumintaal keunstnares.

Kanselaar foarme goed tsien jier in keunstnersduo mei Rijna Makkinga (1961). Tegearre makken se ûnder oaren de wurken Pilaren en De tol (1998) foar de gemeente Dongeradiel, as part fan in stedsfernijingsprojekt yn Dokkum, dêr't fia keunstwurken de skiednis fan de stêd sjen litten wurdt. Oare meidoggers oan dat projekt wiene it duo Groenewoud/Buij en Gerrit Terpstra."Kunstenaars laten historie Dokkum leven", Ljouwerter Krante, 14 maaie 1996.

Wurk (in kar)

1989: gevelskildering, Snits 1990: wetterpiramide, Snits 1991: D.E.Bank, De Jouwer 1993: Krusende silen, Aldtsjerk 1994: keramyske wurken foar it Antonius Sikehûs, Snits 1997: Smoelenpalen, Drachten 2011: sûnder titel, by OBS De Ynset, Rottum

Mei Rijna Makkinga 1996: Spiegelbeelden, Frjentsjer 1997: It Bûter Fabryk, Aldegea 1998: De Waver, Boalsert 1998: Pilaren en De tol, Dokkum 2000: Negen kokkels, Lelystêd 2001: Drie badpakken, Burgum 2004: Het wachtershuisje, Nijhoarne 2008: Droge voeten, Rutten

Galery

Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1950