De Hierlingekriich wie in kriich tusken Kartago en syn hierlingen, dy't troch Kartago oannommen waarden oan de ein fan de Earste Punyske Oarloch (264-241 f.Kr.) Dy hierlingen kamen yn opstân nei't de Kartaachske oerheid syn betellingsferplichts net beneikomme woe. De hierlingen waarden bystien troch Afrikaanske stêden, dy't ek tsjin it Kartaachsk bewâld yn opstân kamen. De kriich duorre fan 241 f.Kr. oant ein 238 of begjin 237 f.Kr. It einige mei it delbêdzjen fan de opstân troch de Kartagers.

Eftergrûn De Earste Punyske Oarloch waard yn de tredde iuw f.Kr. útfochten troch Kartago en de Romeinske Republyk, dy't de twa machten yn it westlike Middellânske Seegebiet wiene. It wie it langst duorjende konflikt en de grutste seekriich fan dy tiid. De twa machten fochten om de kontrôle oer it eilân Sisylje dat strategysk sintraal yn it Middellânske Seegebiet lei. Nei in lange striid dy't de skatkisten fan beide kanten leechmakke hie ferlear Kartago mei de Slach by de Egadyske Eilannen lang om let de kriich. De Kartaachske Senaat hiet de oerbefelhawwer yn Sisylje, Hamilkar Barka, te ûnderhanneljen oer frede mei de Romeinen. Hy liet syn plakferfanger, Gisko, mei de Romeinen ûnderhannelje. It Ferdrach fan Lutatius waard tekene en einige de Earste Punyske Kriich offisjeel. Neffens it ferdrach stie Kartago gâns Sisylje ôf, liet alle kriichsfinzenen frij en moast in skeafergoeding fan 3.200 talinten betelje. In bedrach fan 1.000 talinten moast fuortendaliks betelle wurde, en de rêst yn in termyn fan tsien jier.

Underwilens late de Kartaachske generaal Hanno de Grutte in stikmannich kampanjes yn Noard-Afrika en wist it Kartaachsk gebiet dêre út te wreidzjen. Hy naam de stêd Teveste, hjoeddeistich Tébessa yn Algerije, 300 km besúdwesten Kartago, yn. Hy knypte de befolking fan de oermastere gebieten leech troch belestingen om de kriich tsjin Rome te beteljen. De helte fan de lânbouproduksje waard as belesting ynnommen en de tribút fan de stêden waard ferdûbele. Dy hannelingen waarden strang bekrêftige, dat ta ûntefredenens yn in soad gebieten late.

It Kartaachsk leger bestie foar in grut part út hierlingen om utens. Boargers tsjinnen yn it leger, wannear't der streekrjocht gefaar foar de stêd Kartago wie. Measte fan dy bûtenlanners wiene fan Noard-Afrika. Lybjers wiene benammen yn de ynfantery, dy't bewapene wiene mei grutte skylden, helmen, koarte swurden en lange spearen, en swiere kavalery mei spearen en dy wiene ferneamd om harren disipline. Numydjers brochten lichte kavalery dy't spearen fan in langere ôfstân smieten en dy wiene tige gaadlik troch de hurde faasje fan de Numidyske kavalery dy't de fijân dêrtroch lestch falle koe. Hierlingen út Hispanje en Galje leveren benammen ynfantery mei in soad ûnderfining. Slingers fan de Baleären waarden brûkt en ek Sisyljers en Itaaljers wiene part fan de striidkrêften. De Libyske ynfantery en de boargermilysje, wannear't dy meidie, foarmen in falanks. Ek brûkten de Kartagers ornaris kriichsoaljefanten. Almeast tsjinnen dy hierlingen neffens ien of oar ferdrach dy't Kartago mei guon stêden sletten hie. Dy stêden hiene ek gauris hierlingen of striidkrêften fan bûnsmaten yn tsjinst en leveren dy dus ek oan Kartago neffens harren ferdrach mei dy stêd.

Opstân Nei't Hamilkar Barka hjitten waard en ûnderhannelje foar frede, waard er brûkel, want hy tocht dat de oerjefte net nedich wie. Hy ferliet Sisylje en joech it oerbefel fan it ferfieren fan de striidkrêften fan 20.000 manlju fan Sisylje nei Kartago oan Gisko. Gisko ferparte it leger yn groepen neffens komôf, en stjoerde dy groepen ien foar ien nei Kartago, tinkende dat se fuortendaliks by it oankommen betelle foar harren jierrenlange tsjinst wurde soene. De Kartaachske oerheid besleat lykwols te wachtsjen dat se allegear oankommen wiene, en besocht dêrnei te ûnderhanneljen foar in leger bedrach. Underwilens waarden alle groepen yn de stêd ynketiere dêr't se genoaten fan de foardielen fan it frije libben yn de stêd, nei't se acht jier yn de striid behelle wiene. Nei't alle groepen oankommen wiene, waarden alle 20.000 manlju nei Sicca Veneria, it hjoeddeistige El Kef, sa'n 180 km westlik, ferpleatst, sels ear't in grut part fan de striidkrêften noch betelle wurde moasten.

No't se frij wiene fan harren militêre disipline, hiene de manlju neat mear te dwaan. Se begûnen inoar te stokeljen en wegerje al it besykjen fan Kartago syn betellings te ferleegjen. Fol mei argewaasje marsearren alle 20.000 manlju nei Tunis, 16 km bewesten Kartago. De Kartaachske Senaat waard noedlik en kaam oerien de folsleine ferplichtings benei te kommen. De opstannelingen easken doe sels noch mear. Gisko, dy't populêr by it leger wie, waard yn it neijier fan 241 f.Kr. út Sisylje wei roppen en nei it kamp ta hjitten mei genôch jild dat Kartago noch skuldich wie. Hy sette út ein mei it beteljen en sei ta dat alles betelle wurde soe, wannear't der genôch jild sammele wie. De ûntefredenens like te bedarjen, doe't der om ûnbekende reden de disipline delsakke. Ferskate soldaten trunen der op oan en wegerje eltse ôfspraak mei Kartago, en rebûlje bruts dêrnei út. Dyjingen dy't net meidiene waarden ta dea stienige, Gisko en syn manlju waarden finzennommen en de skatkiste waard yn beslach nommen. Spendius, in ûntsnapte Romeinske slaaf dy't yn it Kartaachsk leger oannommen waard, en Matho, in Berber dy't ûntefreden wie oer Hanno syn belestingsferhegings op de oermastere Afrikaanske gebieten, waarden ta generaals oansteld. It nijs fan in nij foarme tsjinleger yn it hert fan it Kartaachsk gebiet sprate fluch en in soad stêden sleaten harren dêrby oan. Hja krigen fersterkings, neffens skriuwer Polybius, fan 70.000 manlju en finansjele middels. It betellingsskeel waard sa in grutte opstân dy't it fuortbestean fan de Kartaachske steat bedrige.

De kriich Hanno de Grutte thumb|De Slach by Utika Hanno de Grutte, dy't de oerbefelhawwer fan it Kartaachsk leger yn Afrika wie, sette út ein de opstannelingen del te bêdzjen. De measte Afrikanen yn syn leger bleaune him trou, om't se deroan wend wiene tsjin harren eigen folk te fjochtsjen. Ek it part fan syn leger dat ynketiere wie yn Kartago, doe't it leger út Sisylje wei yn Kartago oankaam, bleau him trou. De bytsje striidkrêften dy't yn Sisylje bleaun wiene, waarden bybetelle en waarden oan Hanno syn leger taheake. Ek waard der jild sammele nije striidkrêften oan te nimmen rn in ûnbekend oantal Kartaachske boargers waarden oproppen yn it leger fan Hanno. Underwilens hiene de opstannelingen Utika en Hippo Diarrhytus, it hjoeddeistige Bizerte, besingele.

Yn ier 240 f.Kr. ferfear Hanno mei syn leger nei Utika mei 100 oaljefanten en belegeringswapens. Hanno bestoarme it legerkamp fan de opstannelingen yn de Slach by Utika en de oaljefanten ferjagen de belegerers. Hanno syn leger besette it kamp en tôge de stêd yn en hold in triomftocht troch de stêd. De weromlutsen opstannelingen stelden harren fannijs op yn de heuvels tichteby en tôgen werom nei Utika. De Kartagers wiene noch hieltyd de oerwinning oan it fieren, doe't de opstannelingen oanfoelen. In soad Kartagers kamen om it libben en de rêst flechte en liet yn de hastigens de kriichsreauwen efter. It slagge Hanno der dêrnei net mear yn en ferslach de opstannelingen.

De Romeinske Republyk makke lykwols gjin gebrûk fan de tastân dêr't Kartago yn ferkearde. It waard de Itaaljers ferbean en hannelje mei de opstannelingen, dochs waarden se oantrúne mei Kartago te hanneljen. 743 Kartaachske kriichsfinzenen, dy't noch finzen wiene, waarden frijlitten en dy waarden fuortendaliks yn it Kartaachsk leger oannommen. Kening Hieron II fan Syrakuse, dat in Romeinske fazalsteat wie, bea Kartago in grutte hoemannichte iten oan, dy't Kartago op dat stuit net fan syn eigen lân rispje koe. Let 240 of ier 239 f.Kr. sleaten de Kartaachske garnizoens yn Sardynje harren by de opstannelingen oan. Hja fermoarden de Kartaachske gûverneur op it eilân en de offisieren. De Kartagers stjoerden krêften nei it eilân, mar dy sleaten harren ek by de opstannelingen oan. De opstannelingen fregen Rome foar beskermeing, mar dy wegere dat. De reden dat Rome dat die is mooglik troch it feit dat Rome op dat stuit net yn de posysje wie yn in oare kriich behelle te wêzen.

Hamilkar Barkas thumb|De Slach by de Bagradas Yn 240 f.Kr. sammelen de Kartagers in nij leger byinoar fan likernôch 10.000 manlju. Dy bestiene út in kavalery fan 2.000 manlju en 70 oaljefanten, en opstannelingen dy't nei de Kartaachske kant oerrûnen. Dat leger stie ûnder it befel fan Hamilkar Barkas, dy't it oerbefel hie oer de striidkrêften yn Sisylje yn de lêste seis jier fan de Earste Punyske Kriich. De opstannelingen stelden harren mei 25.000 manlju ûnder it befel fan Spendius op by de rivier de Bagradas, dat hjoed-de-dei de rivier de Medjerda is. It kaam ta in treffen yn de Slach by de Bagradas, dy't Hamilkar wûn, en de opstannelingen ferlearen 8.000 manlju. Hja lutsen harren dêrnei werom.

Dêrnei waard Hamilkar oansteld as oerbefelhawwer, njonken Hanno, fan de Kartaachske striidkrêften, mar der wie gjin oparbeidzjen tusken dy twa. Wylst Hanno nei it noarden nei Hippo tsjin Matho ta tôge, pakte Hamilkar de ferskate stêden oan dy't de opstannelingen holpen. Troch in mingde strategy fan twingen en diplomasy wist Hamilkar harren wer oan de Kartaachske kant te krijen. Besúdwesten Utika stelde Hamilkar him en syn leger op yn de bergen om de opstannelingen ta in slach te lokken. Hy waard lykwols besingele, mar de Numidyske kening Naravas, dy't mei Hamilkar yn Sisylje tsjinne hie, kaam him ta help mei in Numidyske kavalery fan 2.000 manlju. Naravas focht earst mei de opstannelingen mei, mar rûn oer nei de kant fan Hamilkar. De opstannelingen waarden ferslein en ferlearen 10.000 manlju yn de striid en 4.000 waarden finzennommen.

Kriich sûnder genede thumb|Bewegings yn de Hierlingekriich Nei't Hamilkar mei syn strideraasjes yn Afrika úteinsette, behannele er syn kriichsfinzenen goed en bea harren de kar om yn syn leger mei te fjochtsjen of de folsleine frijheid. Hy joech de 4.000 kriichsfinzenen fan de Slach by Bagradas deselde kar. De lieders fan de opstannelingen seagen dy goede behanneling as de driuwfear foar it oerrinnen fan Navaras. Hja hiene noed dat der mear fan harren leger oerrinne koene, en se wiene der tige fan oertsjûge dat Hamilkar harren dy goede behanneling net jouwe soe. Om de mooglikheid fan goederbêstens oan beide kanten te ferwiderjen, liet Spendius, op oantrunen fan syn bûnsmaat, de Galjer Autaritus, de 700 Kartaachske kriichsfinzenen, mei Gisko ynbegrepen, ta dea martelje. Hamilkar liet op syn bart de finzenen deameitsje. Fan dat stuit ôf liet net ien fan beide kanten inkelde genede sjen. De skriuwer Polybius brûkte it begryp "kriich sûnder genede". Opstannelingen dy't dêrnei troch de Kartagers finzennommen waarden, waarden troch de oaljefanten ta dea wâde.

Yn de maitiid of simmer fan 239 f.Kr. rûnen de stêden Utika en Hippo, dy't oant doe ta trou oan Kartago bleaun wiene, oer nei de opstannelingen. It folk fan Utika frege de Romeinen om help, mar dy wegeren. De opstannelingen dy't dêr opsteld stiene, giene dêrnei súdlik om Kartago te besingeljen.