De wurgerfûgels of skateksterfûgels (wittenskiplike namme: Laniidae) binne in famylje fan sjongfûgels yn 'e boppefamylje fan 'e Corvoidea. De wurgers binne dus besibbe oan 'e kriefûgels en de gielegoufûgels.
Foarkommen De wurgerfûgels binne sjongfûgels dy't har as lytse rôffûgels gedrage. Se ha sterke poaten, in grutte kop en in krêftige, skerpe heaksnaffel. Dermei kinne se fûgeltsjes, mûzen, amfibyen en grutte ynsekten fange. Se binne meast griis, brunich, ierdkleurich mei swart of wyt. De measte wurgerfûgels binne 17-25 cm grut; de lytste is de dwerchwurger (sawat 15 cm), de grutste is de eksterwurger (ynklusyf de sturt likernôch 40 sm), beide út Afrika. Hoewol 't it sjongfûgels binne, is harren sang beheind. In pear soarten lykas de toarnekster kinne it roppen fan lytse sjongfûgeltjes neidwaan en se sa as proai lokje.
Fersprieding De wurgerfûgels komme yn grutte dielen fan 'e wrâld foar, allinnich net yn Súd-Amearika, Austraalje en de poalstreken. Yn Jeropa komme likernôch 6 of 7 soarten geregeld foar. Yn Nederlân en Fryslân is allinnich de skatekster noch in briedfûgel. De toarnekster en de readkopwurger binne as briedfûgel út Nederlân ferdwûn.
Famyljeopbou Famylje: wurgerfûgels (Laniidae) Skaai: wytkrúnwurgers (Eurocephalus), 2 soarten: Noardlike wytkrúnwurger (Eurocephalus ruppelli) Súdlike wytkrúnwurger (Eurocephalus anguitimens) Skaai: wurgers (Lanius), 31 soarten: Amerikaanske wurger (Lanius ludovicianus) brune skatekster (Lanius cristatus) brúnrêchwurger (Lanius vittatus) buffelkopwurger (Lanius bucephalus) dwerchwurger (Lanius gubernator) eksterwurger (Lanius melanoleucus, synonym Urolestes melanoleucus) Filipynske wurger (Lanius validirostris) gielsnaffelwurger (Lanius corvina, synonym Corvinella corvina) griisrêchwurger (Lanius excubitoroides) Ibearyske toarnekster (Lanius meridionalis) Yndosineeske wurger (Lanius collurioides) isabelwurger (Lanius isabellinus) langsturtwurger (Lanius schach) lytse wurger (Lanius minor) mackinnonwurger (Lanius mackinnoni) maskerwurger (Lanius nubicus) miombowurger (Lanius souzae) Noardlike fiskaalwurger (Lanius humeralis) Noardlike toarnekster (Lanius borealis) readkopwurger (Lanius senator) Sineeske toarnekster (Lanius sphenocercus) skatekster (Lanius collurio) Sao-Tomeewurger (Lanius newtoni) Somalyske wurger (Lanius somalicus) Súdlike fiskaalwurger (Lanius collaris) Swahilywurger (Lanius cabanisi) Taitawurger (Lanius dorsalis) Tibetaanske wurger (Lanius tephronotus) tigerwurger (Lanius tigrinus) toarnekster (Lanius excubitor) Turkestaanske wurger (Lanius phoenicuroides)
Keppelings om utens IOC world Bird List, 11.1, jan. 2021 Birds of the world - Laniidae Avionary - 50 Language Palaearctic Bird Names, 4.1, juny 2020
Kategory:Fûgelfamylje Kategory:Moskeftige