De echte fazanten (wittenskiplike namme: Phasianinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de boppefamylje fan 'e fazantfûgels (Phasianoidea) en de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae). Ta dizze taksonomyske kloft hearre û.o. de fazanten, frankolinen, kaamhinnen (dêr't de gewoane hin ta heart), kalkoenen, kuorhinnen, kwartels, patrizen en pauwen.

Yndieling De patriisfûgels (Perdix) foarmen foarhinne in eigen ûnderfamylje, de Perdicinae, mar nij ûndersyk nei it mitogondriaal DNA fan 'e ûnderskate soarten hat útwiisd dat dy kloft parafyletysk wie, mei't guon skaaien patriisfûgels nauwer besibben wiene mei de kaamhinnen (Gallus), wylst oaren mear gemien hiene mei de fazanten (Phasianus). Yn 'e nije taksonomyske yndieling, dy't yn 2021 formeel akseptearre waard troch de gesachhawwende Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU), wurde de skaaien fan 'e pratriisfûgels dêrom oer de ûnderskate tûken fan 'e echte fazanten ferdield. Ek de kalkoenfûgels en de rûchpoathinnen dy't foarhinne wol as selsstannige ûnderfamyljes (Meleagridinae, resp. Tetraodinae) beskôge waarden, binne op basis fan nij genetysk ûndersyk yn 'e echte fazanten ynpast.

De wichtichste opdieling fan 'e echte fazanten is in opspjalting midstwa yn in pear kladen dy't noch gjin taksonomyske namme krigen hawwe, mar oantsjut wurde as de "rjochtoppige" klade en de "ûnrjochtoppige" klade. It tinken is dat beide groepen útinoar giene yn it iere Oligoseen, likernôch 30 miljoen jier lyn. It ferskil is dat by soarten út 'e "rjochtoppige" klade by in normale stân de kop him rjocht of hast rjocht boppe de poaten befynt. By soarten út 'e "ûnrjochtoppige" klade befynt de kop him by in normale lichemsstân in stik foarliker as de poaten.

Beskriuwing Echte fazanten wurde karakterisearre troch in sterke seksuele dimorfy, wêrby't de mantsjes faak felle kleuren hawwe om yn 'e peartiid mei te pronkjen en ek tarist binne mei oare fersiersels, lykas kammen, lellen en ûnfunksjoneel lange sturten, wylst de wyfkes saaie kleuren hawwe, lykas brún en griis, sadat se net opfalle as se op it nêst sitte te brieden. De mantsjes binne fierders yn 'e regel ek in slach(je) grutter as de wyfkes. Se spylje ornaris gjin rol by it grutbringen fan 'e piken. It dieet fan echte fazanten bestiet benammen út sied mei wat blêdgrien, oanfolle troch ynsekten en oar lyts wrimelt, lykas spinnen en wjirms.

Underfamylje-opbou

ûnderfamylje echte fazanten (Phasianinae) "rjochtoppige" klade incertae cedis (yndieling ûnwis) skaai bloedfazanten (Ithaginis), 1 soarte: bloedfazant (Ithaginis cruentus) skaai Yndyske boskpatrizen (Rhizothera) skaai patrizen (Perdix) skaai sniepatrizen (Lerwa), 1 soarte: sniepatriis (Lerwa lerwa) tûke echte fazantfûgels (Phasianini) skaai earfazanten (Crossoptilon) skaai fazanten of gewoane fazanten (Phasianus) skaai hoannefazanten (Lophura) skaai kraachfazanten (Chrysolophus) skaai langsturtfazanten (Syrmaticus) skaai wallichfazanten of Wallichs fazanten (Catreus), 1 soarte: wallichfazant of toeffazant (Catreus wallichii) tûke glânsfazantfûgels (Lophophorini) skaai glânsfazanten (Lophophorus) skaai kylsturthinnen (Tetraophasis) skaai saterhinnen (Tragopan) tûke rûchpoathinnen (Tetraonini) skaai auerhinnen (Tetrao) skaai beamsniehinnen (Dendragapus) skaai boskhinnen (Tetrastes) skaai bosksniehinnen (Canachites) skaai kalkoenen (Meleagris) skaai koklasfazanten (Pucrasia) skaai kraachhinnen (Bonasa) skaai kuorhinnen of bjirkhinnen (Lyrurus) skaai prêrjehinnen (Tympanuchus) skaai sichtewjukhinnen (Falcipennis) skaai sniehinnen (Lagopus) skaai waaierhinnen (Centrocercus) "ûnrjochtoppige" klade incertae cedis (yndieling ûnwis) skaai dwerchfazanten (Galloperdix) skaai Eastaziatyske boskpatrizen (Tropicoperdix) skaai paufazanten of spegelpauwen (Polyplectron) skaai readkopboskpatrizen (Haematortyx) tûke kaamhinfûgels (Gallini) skaai bamboepatrizen (Bambusicola) skaai fjildfrankolinen (Campocolinus) skaai frankolinen (Francolinus) skaai kaamhinnen (Gallus) skaai kwartelfrankolinen (Ortygornis) skaai lathampatrizen of Lathams patrizen (Peliperdix), 1 soarte: lathampatriis of boskpatriis (Peliperdix lathami) skaai rûchfearfrankolinen (Scleroptila) tûke kwartelfûgels (Coturnicini) skaai berchhinnen (Tetraogallus) skaai dwerchpatrizen (Perdicula) skaai Himalayakwartels (Ophrysia) skaai kwartels (Coturnix) skaai Madagaskarpatrizen (Margaroperdix) skaai patriisfrankolinen (Pternistis) skaai stienpatrizen (Alectoris) skaai ûnechte kwartels (Synoicus) skaai woastynpatrizen (Ammoperdix) tûke paufûgels (Pavonini) skaai argusfazanten (Argusianus) skaai Kongopauwen (Afropavo) skaai pauwen (Pavo) skaai toefargusfazanten (Rheinardia)

Kategory:Fazanteftige