De noddyfûgels (Anoinae) binne in groep of ûnderfamylje fan seefûgels út de famylje fan de seefûgels (Laridae). De noddyfûgels binne middelgrutte slanke seefûgels fan de tropyske oseanen. Yn Jeropa komme se net foar. Tradisioneel wurde se ta de stirnzen rekkene, mar it blykt dat se better as aparte groep sjoen wêze kinne, Bull. B.O.C. 2020 140(2), 195). De wite noddy of opaalstirns nimt in aparte posysje yn en foarmt mooglik in eigen ûnderfamylje (Gyginae) fan 1-3 soartenH. Douglas Praat, Species limits and English names in the genus Gygis (Laridae).

Klassifikaasje De groep (of ûnderfamylje) fan de noddys (Anoinae) omfet foljende skaaien en soarten:: Underfamylje: noddyfûgels (Anoinae) Skaai: noddys (Anous) Soarte: wytkapnoddy of swarte noddy (Anous minutus) Soarte: brune noddy (Anous stolidus) Soarte: lytse noddy (Anous tenuirostris) Soarte: blauwe noddy (Anous ceruleus of Procelsterna cerulea) Soarte: grize noddy (Anous albivitta of Procelsterna albivitta) Skaai: pearelstirnzen (Gygis) Soarte: Atlantyske pearelstirns (Gygis alba) Soarte: gewoane pearelstirns of blausnaffelpearelstirns (Gygis candida) Soarte: lytse pearelstirns (Gygis microrhyncha)

Referinsjes

Kategory:Seefûgel