Dirk Hakze (Snits, 1957) is in Fryske skilder en byldhouwer.Biografyske gegevens by it RKD -Nederlands Instituut voor Kunstgeschiedenis]

Libben en wurk

Hakze studearre yn 1986 cum laude ôf oan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert. Hy gie fierder mei syn oplieding oan de 'Hogeschool voor de Kunsten' yn Utert (1986-1987). Hy makke ûnder mear muorreskilderings en metalen skulptueren. Dirk Hakze hat skilderperformances jûn op ferskate strannen ûnder it biedwurd The colors of music. Dêrby makke hy skilderijen op klassike muzyk.

Hakze is inisjator fan it lân-keunstprojekt The Colorfield Performance, wêrby’t yndividuele wurken fan ferskate keunstners mei-inoar in grut keunstwurk foarmje. De earste edysjes wiene op it Oerol Festival op Skylge (1992) en op Skiermûntseach (2000). Yn 2018 organisearre hy de tredde edysje fan it projekt yn Sleat yn it ramt fan LF 2018, dêr't 400 skilders oan meidiene. The Colorfield Performance, Sloten CH2018 - YouTube The Colorfield Performance, Sleat CH2018

Wurk (kar-út) 1990 pylder, Worp Tjaardastrjitte, Snits 1993 muorreskildering drukkerij oan de Lorentzstrjitte, Snits 1994 muorreskildering sintraal magazyn Nieuwe Weme, It Hearrenfean 1996 muorreskildering eardere bûterfabryk, Lúnbert 1996 muorreskildering trafohúske, Groenlo 2001 de Ferbining, De Jouwer 2010 Joadsk monumint, Boargemaster de Hooppark, Snits muorreskilderings Swetteskoalle, Snits

Fotogalery

Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1957