Rûben (Hebriuwsk: רְאוּבֵן, "sjoch in soan") is neffens it bibelboek Genesis de âldste soan fan Jakob en Léa. Hy wie de aartsfaar fan 'e stamme fan 'e Rûbeniten.
Doe't Jakob fereale wie op Rachel, ien fan 'e dochters fan Laban, liet Laban him sân jier bodzje om mei Rachel te trouwen. Mar nei it houliksfeest ûntdiek Jakob dat er net de jongste dochter Rachel, mar de âldste dochter Léa fan Laban krigen hie. Foar nochris sân jier bodzjen krige Jakob fan Laban ek Rachel. Mar om't Léa doe oer wie, soarge de Heare dat Léa fruchtber waard en hja joech berte oan Jakob's earste soan en neamde him Rûben. Léa hope dat har man no wol fan har hâlde soe.Genesis 29:31
Rûben hie ris by it weetrispjen leafdeapels fûn. Nei alle gedachten wurdt dêr alrún mei bedoeld.Christipedia, oproppen 31 jannewaris 2021 Rûben joech dy leafdesapels oan syn mem Léa. Leafdeapels binne fruchten dy't seksuële ferlangens oproppe kinne. Léa brûkte dy apels om se yn ruil foar in nacht mei Jakob út te lienen oan Rachel, dy't noch gjin bern mei Jakob hie. Léa rekke dy nachts swier fan Issaskar.Genesis 30:14-18
It wie Rûben dy't him fersette tsjin it plan fan syn bruorren om Joazef te fermoardzjen omreden dat Joazef der fan dreamde te hearksjen oer de oaren. Hy stelde oan syn bruorren út om him yn in put efter te litten, sadat Rûben Joazef letter werom bringe koe nei syn heit. Doe't Rûben letter werom kaam om by syn broer te sjen trof er in lege put oan. Syn bruorren hienen Joazef ferkocht oan in hannelskaravaan en Rûben ferskuorde doe fan fertriet syn klean.Genesis 37:21-29 Letter konkludearre Rûben dat harren swierrichheden yn Egypte it gefolch wie fan it komplot dat syn bruorren tsjin Joazef makke hiene.Genesis 42:22
Rûben feroarsake in skandaal troch syn seksuële aventoerke mei Jakob's byfrou Bilha,Genesis 35:22 doe't syn heit fuort wie. Nei't dat Jakob bekend waard, rekke Rûben syn earstberterjocht kwyt.Genesis 49:3-4
Rûben krige fjouwer soannen: Chanok, Pallû, Chesron en Karmy.Genesis 46:9 By wa't er syn soannen krige is ûnbekend.
Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Persoan berne yn de 19e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 18e iuw f.Kr.