De goarzen (wittenskiplike namme: Emberiza) foarmje in skaai fan sjongfûgels fan 'e Alde Wrâld (Jeropa, Aazje, Afrika) yn it skift fan 'e moskeftigen. It is it iennichste skaai yn 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae). Foarhinne waarden ta de goarsfûgels ek de goarseftigen fan 'e Nije Wrâld (de Amearika’s) rekkene, mar dy binne as aparte famylje Passerellidae (Amerikaanske goarzen) ôfsplist. Ek de iisfink en de sniefink, dy't fuorhinne by de goarsfûgels rekkene waarden, binne no yn in eigen famylje snie- en iisfinken (Calcariidae) ûnderbrocht. De goarzen binne yn guon dingen ferlykber mei de finken, en inkelde goarzesoarten wurde yn it Frysk ek 'fink' neamd.

Foarkommen en iten De goarzen binne yn it algemien lytse, yn haadsaak brune fûgeltsjes, faak streke oan 'e boppekant. De foar- en ûnderkante kinne griis, wyt, giel, readeftich of swarteftich wêze. De kop fan it mantsje is faak swart-wyt of swart-giel streekt, en dêrom wurde de pleatselik bekende soarten yn it Afrikaansk 'Streepkoppies' neamd. De goarzen hawwe in koarte, stevige, puntige snaffel. Bûten it briedseizoen binne de measte goarzen siediters; yn it briedseizoen libje sy foaral fan ynsekten.

Fersprieding De goarzen libje meast yn iepen of healiepen terreinen: gerslân, reidlân, somplân, strúken, savannen en boskiggen. De measte goarssoarten nimme yn oantal ôf, en bygelyks de wylgegoars (E. aureola) is slim bedrige. De noardlikste soarten, dy't ek yn Laplân en Noard-Sibearje foarkomme, binne de gielfink, wytkopgoars, lytse goars, boskgoars en reidmosk. De yn Nederlân, en Fryslân, meast foarkommende soarten binne de gielfink en de reidmosk.

Famylje- en skaaiopbou It skaai hat 44 soarten. Guon soarten wurde troch taksonomyske autoriteiten ta aparte skaaien rekkene: Miliaria, Fringillaria en Schoeniclus.

Famyje: Emberizidae (goarsfûgels) Skaai: Emberiza (goarzen), 44 soarten: bamboegoars (Emberiza variabilis) berchgoars (Emberiza tahapisi) boskgoars (Emberiza rustica) brúneargoars (Emberiza fucata) brúnkopgoars (Emberiza bruniceps) brúnstútgoars (Emberiza affinis) gielbraugoars (Emberiza chrysophrys) gielbûkgoars (Emberiza flaviventris) gielfink of gielgoars (Emberiza citrinella) gielkielgoars (Emberiza elegans) greidegoars (Emberiza cioides) griiskielgoars (Emberiza goslingi) grize goars (Emberiza cia) hûsgoars (Emberiza sahari) Japanske maskergoars (Emberiza personata) Kaapske goars (Emberiza capensis) kastanjegoars (Emberiza rutila) koarnmosk (Emberiza calandra, ek Miliaria calandra) laaiblauwe goars (Emberiza siemsseni, ek Latoucheornis siemsseni) ljurkgoars (Emberiza impetuani) lytse goars (Emberiza pusilla) Mantsjoerijske goars (Emberiza jankowskii) nôtfink (Emberiza hortulana) okerstútgoars (Emberiza yessoensis) Pallasgoars (Emberiza pallasi) reidmosk (Emberiza schoeniclus) rotsgoars (Emberiza godlewskii) rustgoars (Emberiza caesia) Sibearyske maskergoars (Emberiza spodocephala) sirlgoars (Emberiza cirlus) Smyrnagoars (Emberiza cineracea) Sokotragoars (Emberiza socotrana) Somalyske goars (Emberiza poliopleura) stiengoars (Emberiza buchanani) streke goars (Emberiza striolata) sulverkopgoars (Emberiza stewarti) swartkopgoars (Emberiza melanocephala) swartwanggoars (Emberiza cabanisi) swevelgoars (Emberiza sulphurata) Tibetaanske goars (Emberiza koslowi) toefgoars (Emberiza lathami) Tristramgoars (Emberiza tristrami) wylgegoars (Emberiza aureola) wytkopgoars (Emberiza leucocephalos)

Keppelings om utens IOC World Bird List, Version 11.1, jan. 2021 Avionary, 50 Language Palaearctic Bird Names, Version 4.1, juny 2020

Kategory:Goarsfûgel Kategory:Fûgelskaai