De Boudewijn Büchpriis is in jierlikske priis foar eat of immen dy't it slagget it antikwaryske boek yn it omtinken fan in grut publyk te bringen, lykas skriuwer en programmamakker Boudewijn Büch die. Inisjatyfnimmer wie Piet van Winden fan de Nederlandsche Vereniging van Antiquaren en belutsen by de Stichting Boudewijn Büch.Boudewijn Büchprijs op de webside BoudewijnBüch.Nl

Yn 2017 en 2018 waard de priis net útrikt.

Oersjoch 2011: Diederik van Vleuten earste edysje dêr't dy kabaretier yn it Teylers Museum de Boudewijn Büchlêzing hâldt. 2012: Gerrit Komrij dy't him postúm ûntfong omdat er syn libben lang krewearre hat foar it antikwaryske boek. De twadde Büchlêzing waard foardroegen troch Adriaan van Dis 2013: Redmond O'Hanlon foar syn VPRO-programma O'Hanlons Helden"Reisschrijver Redmond O'Hanlon krijgt Boudewijn Büchprijs" NU.nl, 15 septimber 2013 2014: Dimter Boekemerk, in wichtige boarne foar talleaze sljochtweihinne en bysûndere, grutte en lytse partikuliere boekekolleksjes, dy't útwoeks ta de grutste fan Europa 2015: Atte Jongstra skriuwer fan û.o. Avontuurlijke Archiefreis 2016: Heske Kannegieter, organisearret fan 1986 ôf de Amsterdamske boekemerken, foar har wurk oan 'Boeken op de Dam'.

Kategory:Nederlânske kultuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2011