De miggesnappers (Muscicapidae) binnen in tige grutte famylje fan sjongfûgels fan de Âlde Wrâld (Jeropa, Afrika, Aazje). De "echte" miggesnappers fan dizze famylje moatte net trochinoar helle wurde mei de miggefangers fan de famylje Poliopteridae. Boppedat binne der fûgels út oare famyljes lykas de tirannen (Tyrannidae) en de monarchen (Monarchidae), dy 't yn it Frysk (en soartgelyk yn oare talen) mei 'miggesnappers" oantsjutt wurde, mar eigentlik gjin miggesnappers binne.
Klassifikaasje Fanwegens it grutte oantal (332) soarten wurde de ferskate soarten ûnder de oanbelangjende ûnderfamyljes of by grutte skaaien ûnder de skaaien neamd.
Famylje: Muscicapidae - miggesnappers Ûnderfamylje: Muscicapinae - skiere miggesnappers, dêryn de soarte: feale miggesnapper (Muscicapa striata) Ûnderfamylje: Niltavinae - blauwe miggesnappers Ûnderfamylje: Erithacinae - readboarstkefûgels, dêryn de soarte: readboarstke (Erithacus rubecula) Ûnderfamylje: Saxicolinae - paapkefûgels, dêryn de soarten: blauboarstke (Luscinica svecica) geal (Luscinica megarhynchos) lytse miggesnapper (Ficedula parva) bûnte miggesnapper (Ficedula hypoleuca) Diadeemreadsturtsje (Phoenicurus moussieri) readsturtsje (Phoenicurus phoenicurus) swart readsturtsje (Phoenicurus ochruros) wytkrúnreadsturtsje (Phoenicurus erythrogastrus) paapke (Saxicola rubetra) swartkieltsje (Saxicola rubecula) heidehipper (Oenanthe oenanthe) Skaaien dy (noch) net yn ûnderfamyljes yndield binne: Skaai Pinarornis, 1 soarte: (Pinarornis plumosus) Skaai Namibornis , 1 soarte: (Namibornis herero) Skaai Humblotia, 1 soarte: (Humblotia flavirostris)
Keppelings om utens IOC World Bird List, Version 11.1, jan. 2021
Kategory:Fûgelfamylje Kategory:Moskeftige