Foarfallen 1555 - Karel V docht ôfstân fan syn titels yn 'e Nederlannen en wurdt dêr opfolge troch syn soan Filips II. 1878 - In diel fan 'e Noardlike Sjajinnen dy't meidogge oan 'e Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen jouwe har ûnder lieding fan it opperhaad Stomp Mês oan it Amerikaanske Leger oer by Fort Robinson, yn Nebraska. 1952 - De Geïllustreerde Pers bringt it earste Nederlânske eksimplaar fan it wykblêd Donald Duck út as taheaksel fan it frouljusblêd Margriet. 1967 - It lêste gat wurdt tichte yn 'e dyk om Súdlik Flevolân hinne. 2001 - Microsoft bringt it bestjoeringsprogramma Windows XP út.

Berne 1749 - Johan Petrus van Hylckama, Frysk politikus († 1816) 1790 - Robert Stirling, Skotsk útfiner († 1878) 1825 - Johann Strauß jr., Eastenryksk komponist († 1899) 1838 - Georges Bizet, Frânsk komponist († 1875) 1881 - Pablo Picasso, Spaansk keunstskilder († 1973) 1881 - Anders Minnes Wijbenga, Frysk komelker en bestjoerder († 1948) 1885 - Xavier Lesage, Frânsk hynstesporter († 1968) 1906 - Norris Graham, Amerikaansk roeier († 1980) 1909 - Edward Flynn, Amerikaansk bokser († 1976) 1915 - Johan Jacob Spahr van der Hoek, Frysk sosjolooch, geakundige en publisist († 1996) 1915 - Paul van Krevelen, Frysk politikus († 2005) 1936 - Willem Wilmink, Nederlânsk dichter, skriuwer en sjonger († 2003) 1941 - Gordon Tootoosis, Kanadeesk akteur en aktivist († 2011) 1942 - Klaas Rusticus, Frysk skriuwer en regisseur 1945 - Hendrik ten Hoeve, Frysk politikus († 2009) 1945 - Sytse ten Hoeve, Frysk tsjerkekenner, skied- en geakundige en museumdirekteur († 2016) 1951 - Joop Alberda, Frysk sportbestjoerder 1957 - Piet Wildschut, Nederlânsk fuotballer 1969 - Ilⱨam Tohti, Oeigoersk minskerjochte-aktivist 1970 - Chely Wright, Amerikaansk countrysjongster 1977 - Anita Rani, Ingelsk presintatrise en dokumintêremakster 1983 - Pieter van Althuis, Frysk keatser

Ferstoarn 1047 - kening Magnus I fan Noarwegen (* 1024) 1154 - kening Steffen fan Ingelân (* 1096) 1647 - Evangelista Torricelli, Italjaansk wis- en natuerkundige en útfiner (* 1608) 1760 - kening George II fan Grut-Brittanje (* 1683) 1810 - Eelke Meinerts, Frysk skoalmaster, dichter en boer (* 1732) 1878 - Jan Ernst van Panhuys, Nederlânsk politikus (* 1808) 1886 - Johannes Tromp, Frysk jurist en politikus (* 1813) 1907 - Hendrik Okma, Frysk jurist en politikus (* 1868) 1911 - Klaas Jeltes Hornstra, Frysk bestjoerder (* 1846) 1925 - Charles Marion Russell, Amerikaansk keunstskilder (* 1864) 1946 - Hendrik Wouda, Frysk arsjitekt en meubelûntwerper (* 1885) 1994 - Antal Kocsis, Hongaarsk bokser (* 1905) 2005 - Frans van Dusschoten, Nederlânsk komyk en stimakteur (* 1933) 2012 - Klaas Hoekstra, Frysk oersetter (* 1938) 2012 - Joop Stokkermans, pianist en komponist (* 1937)

Kategory:Datum 25