Quantum of Solace is in Britsk-Amerikaanske spionaazjefilm út 2008 ûnder rezjy fan Marc Forster. De titel betsjut "In Kwantum Soelaas"; dat is in wurdboarterij mei 'kwantum' yn 'e sin fan "hoemannichte", mar ek as ferwizing nei de kriminele organisaasje Quantum út 'e film. It wie nei Casino Royale, út 2006, it twadde diel fan 'e James Bond-rige mei Daniel Craig yn 'e rol fan 'e Britske geheim agint James Bond, wylst Olga Kurylenko diskear de Bond-girl wie. It ferhaal folget Bond wylst er de lûsje sakeman Dominic Greene op it spoar komt, in lid fan 'e skimige organisaasje 'Quantum', dy't besiket troch in steatsgreep yn Bolivia de drinkwetterfoarrie fan dat lân yn 'e hannen te krijen. Quantum of Solace krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in grut kommersjeel súkses.
Plot Quantum of Solace begjint fuort nei it punt dêr't Casino Royale op einiget. James Bond, de geheim agint fan 'e Britske feilichheidstsjinst MI6, hat de mysterieuze hear White, dy't er ferantwurdlik hâldt foar de dea fan Vesper Lynd (sjocht: Casino Royale) opspoard yn noardlik Itaalje, en riidt mei him yn 'e kofferbak fan syn Aston Martin DBS fan 'e Gardamar nei Siena, wylst er op 'e hakken sitten wurdt troch White syn trewanten. By in wylde efterfolging op 'e Italjaanske autostrada en yn in stiengat wit er lykwols mei harren allegearre ôf te weven. Sadwaande kin er White by MI6-sjef M ôfleverje, dy't wachtet yn 'e leechsteande drinkwetterreservoirs ûnder Siena, wylst op dat stuit yn 'e stêd dêrboppe de Palio di Siena-hurddraverij oan 'e gong is.
It docht lykwols bliken dat M har eigen liifwacht, MI6-agint Craig Mitchell, yn 'e tsjinst is fan Quantum, de skimige kriminele organisaasje dêr't White foar wurket. Hy fiert in moardoanslach op M út, dy't dat mar nauwerneed oerlibbet, en deadet ferskate oare MI6-aginten. Bond wit him nei in lang gefjocht te deadzjen, mar tsjin dy tiid is White al ûntsnapt. Werom yn Londen wurdt by ûndersyk yn it appartemint fan Mitchell ûntdutsen dat dy in kontaktpersoan hie yn Haïty: in Edmund Slate. Bond reizget dêrhinne, mar wurdt nei it binnenkringen fan Slate syn hotelkeamer fuortendaliks troch dyselde oanfallen. Slate is sa'n goede fjochter, dat Bond twongen is him út selsferdigening te deadzjen, hoewol't er eins stjoerd wie om him yn 'e hechten te nimmen sadat er ûnderfrege wurde koe.
Mear troch gelok as wiisheid ûntdekt Bond dat Slate in hiermoardner wie, dy't troch de miljeu-aktivistyske ûndernimmer Dominic Greene yn 'e earm nommen wie om syn minneresse Camille Montes te fermoardzjen. As Bond har folget, komt er derefter dat Greene syn miljeu-aktivisme mar in dekmantel is foar saken dy't it deiljocht net ferdrage kinne. Sa hat Greene gedoente mei de ferballe Boliviaanske generaal Medrano, oan wa't er help tasein hat om troch in steatsgreep it demokratysk regear fan Bolivia ûnder fuotten te heljen sadat Medrano diktator wurde kin. Yn ruil dêrfoar freget er inkeld alle rjochten op in woastyngebiet dat skynber gjin inkele wearde hat. Medrano is deselde dy't de âldelju fan Camille Montes ombrocht hat, en sy hat jierren wachte op in kâns om yn 'e neite fan 'e generaal te kommen sadat se wraak nimme kin. Mar as dat momint einlings en te'n lêsten kommen is, wurdt se troch Bond 'rêden' sûnder dat se de kâns kriget om Medrano te deadzjen.
Underwilens slút Gregg Beam, de sjef fan 'e Súdamerikaanske seksje fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, in oerienkomst mei Greene dat de Amerikaanske oerheid him syn gong gean litte sil yn Bolivia. De Amerikanen hawwe gjin muoite mei in diktator mear of minder, en se leauwe net dat Greene yn it stik woastyn dat er hawwe wol de ierdoaljeboarnen fine sil wêrfan't er skynber tinkt dat dy dêr sitte. Ut Haïty wei folget Bond Greene nei in opfiering fan 'e opera Tosca yn it Eastenrykske Bregenz, dy't troch heechpleatste leden fan Quantum brûkt wurdt om inoar te moetsjen foar oerlis sûnder dat it opfalt. Bond ynfiltrearret it oerlis en nimt foto's fan ferskate Quantum-leden.
As er him mei dy ynformaasje ôfjaan wol, besykje trewanten fan Quantum him tsjin te kearen, wêrby't Bond ferskaten fan harren deadet. Ien fan harren wurdt troch Bond fan in (net al te heech) dak smiten, wat er oerlibbet om dêrnei deasketten te wurden troch de liifwachten fan Greene. De man blykt letter in lid fan 'e Britske Special Branch te wêzen, dy't as liifwacht wurke foar Guy Haines, de wichtichste adviseur fan 'e premier fan it Feriene Keninkryk. Haines is ien fan 'e Quantum-leden dy't Bond op 'e foto set hat. Mei trochdat Bond oanhâldend in spoar fan liken neilit en ek fanwegen syn gebrekkige feedback, nimt M oan dat de liifwacht fan Haines, dy't te goeder trou wie, troch Bond fermoarde is. Se wol dat er weromkomt nei Londen om him foar syn dieden te ferantwurdzjen. Bond hat lykwols oare prioriteiten, mar hy wurdt yn syn bewegingsfrijheid beheind as M syn paspoart ynlûke en syn creditcards blokkearje lit.
Dêrop giet Bond nei Itaalje, dêr't er René Mathis opsiket, in MI6-agint bûten tsjinst mei wa't er earder gearwurke hat. Dyselde is earst net sa bliid him te sjen, want troch tadwaan fan Bond (dy't dêroer falske ynformaasje taspile krigen hie) waard er earder foar in ferrieder oansjoen en troch syn âlde wurkjouwer oan in hurdhannige ûnderfreging ûnderwurpen (sjoch: Casino Royale). Bond wit him der lykwols fan te oertsjûgjen om net inkeld te beteljen foar syn reis nei Bolivia, mar sels mei te kommen om te helpen. Oankommen yn 'e Boliviaanske haadstêd La Paz, wurdt Bond opwachte troch Strawberry Fields, in lid fan 'e Britske konsulêre tsjinst, dy't opdracht krigen hat om Bond fuortendaliks wer op it fleantúch nei Londen te setten. Bond ferliedt har lykwols, dat ynstee belânet se mei him op bêd. Fia Carlos, in âlde freon fan Mathis, dy't mei de rang fan kolonel de kommandant fan 'e Boliviaanske plysje is, komt Bond oan 'e weet dat Greene dy jûns in feest hâldt foar rike jildsjitters. Hy, Fields en Mathis partycrashe dat feest, dêr't Bond Camille Montes op 'e nij rêdt.
Nei't hy en Camille it feest ferlitten hawwe, freget Bond har om him útlis te ferskaffen oer it saneamde Tierra Project, dat Greene op steapel stean hat foar it woastyngebiet dat er fan Medrano hawwe wol. Underweis wurde se oanholden troch in pear Boliviaanske plysjes, dy't wolle dat Bond de kofferbak fan syn auto iependocht. As Bond, dy't it saakje fuort al net fertrout, docht wat se sizze, wurdt der in bewusteleaze Mathis yn 'e kofferbak ûntdutsen. Ien fan 'e plysjes sjit Mathis del foar't Bond harren allebeide deadzje kin. Bond liedt út it foarfal ôf dat Carlos Mathis ferret hat en mei Medrano en Greene ûnder ien tekken skûlet. Mathis stjert neitiid yn 'e earms fan Bond, nei't er mei syn lêste siken Bond oantrune hat om Vesper Lynd en him (Bond) sels te ferjaan foar alles dat foarfallen is (sjoch: Casino Royale).
Bond en Camille ride nei in ôfhandich fleanfjild, dêr't se in âld frachtfleantúch besette om it woastyngebiet dêr't Greene sa'n belangstelling foar hat, út 'e loft wei oer te eagjen. In Boliviaanske strieljager besiket harren fleanmasine del te sjitten, mar Bond wit de reek út ien fan 'e motors te brûken om 'e fijannige piloat te ferblynjen en tsjin in berch oan fleane te litten. As se dêrnei lykwols besketten wurde troch in helikopter, stoart it âlde fleantúch del. Bond en Camille springe der oan ien parasjute út en lânje op 'e boaiem fan in sinkgat, dêr't se ûntdekke dat Greene in ûndergrûnske rivier ôfdamje litte hat. Hy is hielendal net ynteressearre yn ierdoalje; syn plan is om yn Bolivia in monopoalje te kreëarjen op 'e levering fan drinkwetter. Bond en Camille klimme út it gat, rinne nei in plakje dat op in net al te grutte ôfstân leit, en nimme dêrwei de bus werom nei La Paz.
Dêr oankommen, wurdt Bond yn syn hotel opwachte troch M, dy't him fertelt dat Greene ûnderwilens Fields fermoarde hat troch har te ferdrinken yn ierdoalje. Bond wurdt no, op gesach fan 'e CIA, ek fertocht fan 'e moard op Mathis en twa Boliviaanske plysjes, en M lit him yn 'e hechten sette en ôffiere. Yn 'e lift stelt Bond sûnder folle muoite de fjouwer MI6-aginten dy't him begeliede bûten gefjocht. Fia de trep keart er werom nei M, dy't er fertelt wat er ûntdutsen hat oer Greene. M beslút him te fertrouwen en lit him gean. Bond siket Felix Leiter op, in spesjaal agint fan 'e CIA mei wa't er earder gedoente hân hat (sjoch: Casino Royale). Dy fertelt him dat Medrano en Greene harren oerienkomst finalisearje sille yn in lúkse hotel midden yn 'e Atacamawoastyn, dat Perla de las Dunas hjit ("Pearel fan 'e [Sân]dunen"). Nei in warskôging fan Leiter ûntkomt Bond oan in team fan 'e Special Activities Division fan 'e CIA dat opdracht hat om him te deadzjen.
Yn Perla de las Dunas wachtsje generaal Medrano en plysjekolonel Carlos, dy't, sa't no blykt, in neiste meiwurker fan Medrano is, de oankomst fan Greene ôf. As dy arrivearret, ûndertekenje hy en Medrano harren oerienkomst, wêrnei't Greene oan Medrano fuortendaliks in twadde oerienkomst foarleit: in kontrakt foar de levering fan drinkwetter tsjin dûbel de hjoeddeistige priis. Dat liket Medrano wol nei fleanen, mar as Greene him fertelt dat hy troch harren oerienkomst no 60% fan it drinkwetter yn Bolivia besit, en dat it weromkommen op harren ôfspraak Medrano net goed bekomme soe, beseft de generaal dat er gjin oare kar hat as ek de twadde oerienkomst te ûndertekenjen.
Underwilens ynfiltrearje Bond en Camille it hotel, dêr't Bond earst Carlos deasjit foar dy syn ferrie fan Mathis. Dêrnei weeft er ôf mei Greene syn trewanten en giet er it gefjocht mei Greene sels oan. Tsjin dy tiid stiet it hotel, dat tige brânber is fanwegen de brânstofsellen dy't yn dizze ôfhandige úthoeke nedich binne foar de enerzjyfoarsjenning, al yn ljochte lôge. Camille sjit ûnderwilens Medrano syn liifwachten dea en helpt dêrnei de generaal sels út 'e ljochten, wêrmei't se einlings wraak nimt foar wat Medrano har âlden oandien hat. As se dêrnei yn 'e brânende hotelkeamer fêst komt te sitten, wurdt se jitris rêden troch Bond. Bûtendoar docht bliken dat ek Greene de brân oerlibbe hat. Yn it gefjocht mei Bond hat er himsels lykwols by fersin mei in brânbile yn 'e foet houd, dat hy komt net fier foar't Bond him finzen nimt. Nei't er him alles oer Quantum ferteld hat dat er wit, lit Bond Greene midden yn 'e Atacamawoastyn efter mei in blik motoroalje foar as er toarst kriget.
Mei de kennis dy't er fan Greene krigen hat, reizget Bond nei in wintersk Kazan, yn Ruslân, dêr't er in oar lid fan Quantum opsiket, Yusef Kabira, de earder minner fan Vesper Lynd. Dy hat him deryn spesjalisearre om froulju mei weardefolle konneksjes te ferlieden. Troch te bearen dat er troch Quantum yn gizeling nommen wie om har dwaan te litten wat Quantum woe, is hy yndirekt ferantwurdlik foar de dea fan Vesper. Bond fertelt it nijste doelwyt fan Kabira, de Kanadeeske CSIS-aginte Corrine Veneau, wat de wiere bedoelings fan har minner binne. Nei ûnderfreging lit er Kabira troch MI6 oppakke. Bûtendoar wurdt Bond opwachte troch M, dy't him fertelt dat it lyk fan Greene midden yn 'e Atacamawoastyn oantroffen is mei motoroalje yn 'e mage en twa kûgels yn 'e efterholle. Se freget him om werom te kommen by MI6; hy seit dat er dêr nea by wei gien is. Wylst se tegearre fuortrinne, lit Bond it halskeatling yn 'e snie falle dat Vesper Lynd fan Kabira krigen hie.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise MI6-agint James Bond Daniel Craig Camille Montes Olga Kurylenko
byrollen