Skyfall is in Britsk-Amerikaanske spionaazjefilm út 2012 ûnder rezjy fan Sam Mendes. De titel betsjut letterlik "Loftfal", mar soe miskien better oerset wurde kinne as "It Delkommen fan 'e Himel". De film is nei Casino Royale en Quantum of Solace it trêde diel fan 'e James Bond-rige mei Daniel Craig yn 'e rol fan 'e Britske geheim agint James Bond. De oare haadrollen waarden fertolke troch Javier Bardem en Judi Dench. It ferhaal folget Bond wylst er in âld-agint fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6 dwerseidzje moat dy't wraak nimme wol op MI6-sjef M. Skyfall, wêrfan't de premiêre plakfûn 50 jier nei dy fan 'e earste James Bond-film, Dr. No, krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. De film ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in reuseftich kommersjeel súkses, en wûn dêrnjonken ek ferskate wichtiche prizen, wêrûnder twa Oscars, in Golden Globe, twa Grammys en twa BAFTA's.

Plot Yn Istanbûl sit geheim agint foar de Britske bûtenlânske ynljochtingetsjinst MI6 James Bond efter in hierling en hiermoardner oan dy't himsels Patrice neamt. Dyselde hat in hurde skiif stellen dêr't in list op stiet mei de wiere nammen en oannommen identiteiten fan alle MI6-aginten dy't op it stuit dielnimme oan undercoveroperaasjes. Bond en in oare MI6-agint, Eve Moneypenny, efterfolgje Patrice nei in trein, op it dak wêrfan't Bond mei de hierling yn slaanderij ferwikkele rekket. Moneypenny, dy't de trein yn 'e auto folge is, kin op in stuit net fierder om't de wei njonken it spoar dearint. M, it haad fan MI6, dy't de operaasje yn it Londenske haadkertier fan 'e tsjinst folget, oarderet har om mei har skerpskuttersgewear te besykjen en skeakelje Patrice út. Moneypenny rekket lykwols Bond, dy't fan 'e trein falt wylst dy oer in hege spoarbrêge oer in ravyn giet en yn 'e djipte yn 'e rivier delkomt. Der wurdt oannommen dat er net èn de kûgel èn de fal oerlibje kinnen hat, dat as der neitiid neat mear fan him fernommen wurdt, giet MI6 derfan út dat er omkommen is.

In fearnsjier letter fynt der in publike enkête plak oer de blunder fan MI6 wêrby't de hurde skiif mei de nammen fan 'e undercoveraginten yn ferkearde hannen fallen is. Op dat stuit is troch de dieven noch gjin ynformaasje fan 'e hurde skiif iepenbier makke, want de bestannen op 'e skiif binne yn hege mjitte kodearre, mar it is mar in kwestje fan tiid foar't dieven dy kodearring ûntsiferje. Yn 'e oanrin nei de publike enkête wurdt M op it matsje roppen by Gareth Mallory, de foarsitter fan it Komitee oangeande Ynljochtingen en Feilichheid fan it Britske Parlemint, dy't sels in feteraan is dy't foarhinne by de kommando's fan 'e SAS tsjinne hat. Hy set har ûnder druk om 'e ear oan harsels te hâlden en frijwillich ûntslach te nimmen, mar M wol dêr neat fan witte. Underweis werom nei it haadkertier fan MI6 kriget M it berjocht dat de servers fan MI6 hackt binne, en inkele mominten letter wurdt it hiele haadkertier fan 'e tsjinst by in bomoanslach opblaasd.

Sûnt er op in hier nei om it libben kaam by it gefjocht op it dak fan 'e trein, hat Bond him yn Turkije beskûl holden en is er stadichoan opbettere fan 'e skotwûne yn syn skouder. Hy is ûnwis oft er syn âlde libben wol wer oppakke wol no't er dizze kâns yn 'e skurte wurpen krigen hat om der temûk tuskenút te knipen. Mar as er op CNN it nijs fan 'e oanslach op MI6 sjocht, reizget er werom nei Londen, dêr't er him meldt by M. Om't al syn fergunnings nei syn 'ferstjerren' ynlutsen binne, moat er lichaamlike, medyske en psychologyske tests ûndergean ear't er wer oan it wurk kin. Hy sakket foar alle tests, mar M fertelt him dat er mei de hakken oer de sleat slagge is, en set him dochs wer oan it wurk. Bond kriget befel om 'e opdrachtjouwer fan Patrice te finen, de hurde skiif werom te stellen en Patrice sels te eliminearjen. Foar dy missy wurdt er troch Q, de nije kertiermaster fan MI6, tarist mei in minuskúl radiobeaken en in oan syn genetyske koade keppele Walther PPK-pistoal, dat blokkearret as immen oars as hy besiket it te brûken.

Bond reizget nei Sjanghai, dêr't Patrice sinjalearre is, mar kin de hierling net ôfhâlde fan it útfieren fan in hiermoard. Ta oermjitte fan ramp falt Patrice by harren fjochtpartij fan in wolkekliuwer ôf te pletter foar't er de identiteit fan syn opdrachtjouwer priisjaan kin. Yn syn besittings fynt Bond lykwols in kasinomunt dy't Patrice nei de hiermoard ynwikselje soe om foar syn tsjinsten betelle te krijen. De munt liedt Bond nei in kasino yn Makau, dêr't er yn kontakt komt mei Sévérine, in kreaze frou dy't Patrice by de hiermoard holpen hat. Mei't er de tatoeaazje oan 'e binnenkant fan har pols werom ken, konkludearret Bond dat se in seksslavinne yn 'e twongen prostitúsje wie dy't 'rêden' is troch de krimineel foar wa't se no wurket. Bond fertelt har dat hy dy man moetsje wol. Sévérine seit dat se him mooglik helpe kin as er de jûn oerlibbet, en warskôget him dan dat de 'liifwachten' dy't har wurkjouwer meistjoerd hat (eins bewekkers) fan doel binne him te deadzjen.

As Bond it kasino ferlitte wol, wurdt er yndie oanfallen troch de liifwachten, fan wa't ien him syn pistoal ôfhannich makket en him der dan mei deasjitte wol. Mar sa't Q al sein hie, blokkearret it pistoal foar eltse brûker útsein Bond. Hy wit sadwaande, mei help fan Moneypenny, mei de mannen ôf te weven, en jout him letter dy jûns by Sévérine oan board fan har syljacht de Chimera. Nei't se it bêd dield hawwe, reizgje se mei de boat nei in ûnbewenne eilantsje yn 'e Súdsineeske See dat fol stiet mei ferfallen gebouwen. Dat blykt it haadkertier fan Sévérine har wurkjouwer te wêzen. Ear't se dêr oan lân geane, wurde Bond en Sévérine finzen nommen troch de bemanning fan it jacht, mar net foardat Bond syn radiobeaken aktivearre hat. De opdrachtjouwer fan Sévérine en Patrice blykt in Raoul Silva te wêzen, dy't ienris as agint fan MI6 ûnder M wurke, yn 'e tiid dat hja noch sjef fan it MI6-buro yn Hongkong wie. Hy wol wraak nimme op M, en sit sawol efter it hacken fan it kompjûtersysteem fan MI6 as de bomoanslach op it haadkertier. Silva fermoardet Sévérine om't se him ûntrou west hat, mar ear't er Bond ek ombringe kin, arrivearje de helptroepen fan MI6 dy't op it radiobeaken ôfkommen binne en wurdt Silva finzen nommen.

Yn it nije ûndergrûnske haadkertier fan MI6 yn Londen is Bond tsjûge fan 'e moeting tusken Silva en M, wêrby't de finzene M beskuldiget fan ferrie. M leit neitiid oan Bond út dat Silva in geniale geheim agint wie, mar dat er op in stuit op eigen manneboet operaasjes begûn te ûndernimmen wêrfoar't er hielendal gjin goedkarring fan MI6 hie. Dêrop levere sy him út oan 'e Sineeske autoriteiten yn ruil foar de frijlitting fan seis oare Britske spionnen. Yn Sineeske finzenskip waard Silva martele en rekke er boppedat slim skeind doe't syn selsmoardkapsule mei syaankaly net korrekt bliek te wurkjen. As Q de bestannen op 'e laptop fan Silva besiket te dekodearjen, jout er dêrmei Silva by fersin tagong ta de nije servers fan MI6, wat dyselde by steat steld om te ûntsnappen. Q konkludearret dat de finzenname fan Silva ûnderdiel fan syn plan útmakke. Bond efterfolget Silva troch de metrotunnels en metrostasjons fan 'e London Underground, mar Silva wit te ûnkommen. Hy hat it op M foarsjoen, dy't krekt op dat stuit tsjûgje moat foar de parlemintskommisje dy't de publike enkête útfiert.

Mei inkele trewanten kringt Silva ferklaaid as plysjes it gebou binnen dêr't it parlemintêr ûndersyk holden wurdt. It slagget him op in hier nei om M dea te sjitten, mar hja wurdt rêden troch Mallory. Mei Moneypenny en Mallory wit Bond, dy't Silva op 'e hakken sit, de oanfal ôf te slaan. Silva wit lykwols fannijs te ûntkommen. Neitiid nimt Bond M mei yn in antike Aston Martin DB5 om har as lokies te brûken. As se him freget wêr't de reis hinne giet, antwurdet er dat er har meinimt werom yn 'e tiid, dêr't alle kennis fan kompjûters Silva net helpe kin. Hy jout Q en MI6-agint Bill Tanner, de sekretaris fan M, opdracht om in elektroanysk spoar te fabrisearjen dat Silva folgje kin. Hy nimt M mei nei Skotlân, dêr't er syn ierste jonkheid trochbrocht hat yn in ôfhandich, oerâld en frijwat deprimearjend lânhûs dat midden op 'e heide stiet, fier fan alle oare bewenning. Dêr moetsje se de âlde Kincade, de pleatslike jachtopsjenner, dy't Bond noch kennen hat doe't er in lyts jonkje wie. Trijeresom foarsjogge se it hûs fan in rige falstrikken.

As der in hiele kliber trewanten fan Silva arrivearret, deadzje Bond, M en Kincade de measten fan harren. Silva komt opdaagjen yn in mei swiere masinegewearen bewapene helikopter, wêrmei't er it âlde hûs hielendal oan grom sjit. Bond stjoert M en Kincade nei it preestergat (in ûnderdûkplak foar roomske preesters yn 'e tiid fan 'e Reformaasje), dat tagong jout ta in geheime ûndergrûnske gong dy't in ein fan it hûs ôf op 'e heide útkomt. Se flechtsje troch de gong en dêrnei oer de heide nei in kapel dêr't Bond syn âldelju begroeven lizze, mar M is by it gefjocht ferwûne rekke. Underwilens lit Bond it hiele hûs de loft yn fleane troch in ûntploffing fan 'e propaantanks te feroarsaakjen. De eksploazje giet sa mâl, dat brokstikken fan it hûs de helikopter delstoarte litte (dêr't Silva op dat stuit lykwols net mear yn sit).

Wylst Silva Kincade en M nei de kapel folget, ûntsnapt Bond fia de ûndergrûnske gong krekt op 'e tiid foar de ûntploffing út it hûs. Yn 'e kapel sprekt Silva, dy't troch syn ferskriklike ûnderfinings yn Sineeske finzenskip dúdlik sljochtsinnich rekke is, M oan mei 'mem'. Hy leit syn holle tsjin dy fan M oan en jout har syn pistoal oer, wêrnei't er har oantrunet om harsels en dêrmei ek him yn ien kear troch de holle te sjitten. Ear't se lykwols wat dwaan kin, arrivearret Bond yn 'e kapel en deadet Silva mei in mês. Dêrop beswykt M oan har ferwûnings en stjert yn Bond syn earms.

Nei har begraffenis, werom yn Londen, fertelt Moneypenny oan Bond dat se net wer fjildwurk dwaan sil, mar ynstee de sekretaresse wurdt fan 'e nije M, dat nimmen oars is as Mallory. Yn it kantoar fan Mallory rapportearret Bond dat er klear is om wer oan it wurk te gean.

Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise MI6-agint James Bond Daniel Craig Raoul Silva / Tiago Rodríguez Javier Bardem M, haad fan MI6 Judi Dench

byrollen personaazje akteur/aktrise Gareth Mallory Ralph Fiennes Miss Moneypenny Naomie Harris Sévérine Bérénice Marlohe MI6-kertiermaster Q Ben Whishaw MI6-agint Bill Tanner Rory Kinnear Patrice Ola Rapace Kincade Albert Finney parlemintslid Clair Dowar Helen McCrory himsels CNN-nijslêzer Wolf Blitzer himsels BBC-nijslêzer Huw Edwards

Produksje en distribúsje Produksje Skyfall waard regissearre troch Sam Mendes nei in senario fan Neal Purvis, Robert Wade en John Logan. As produsinten wiene by it projekt Michael G. Wilson en Barbara Broccoli belutsen, foar de studio's Eon Productions, Metro Goldwyn Mayer (MGM) en Columbia Pictures. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Roger Deakins en de filmmontaazje waard dien troch Stuart Baird. Komponist Thomas Newman makke de filmmuzyk en fersoarge de soundtrack, wylst sjongster Adele de titelsong Skyfall song, dy't troch harsels en Paul Epworth skreaun wie.

Foar Skyfall wie in budget beskikber fan nei skatting $150 oant 200 miljoen. It hie eins de bedoeling west dat de film jierren earder útkommen wie, mar de preproduksje lei it hiele jier 2010 stil omreden fan 'e finansjele swierrichheden dêr't filmstudio MGM yn ferkearde. Pas nei't in bankrot op 21 desimber 2010 foargoed ôfkeard wie, koe men fierder mei de ûntwikkeling fan Skyfall. De opnamen setten op 7 novimber 2011 útein yn Londen en duorren 128 dagen (fiif minder as yn 't foar ynpland wiene). Der waard û.m. filme yn metrostasjons fan 'e London Underground, yn Glencoe yn Skotlân, yn Istanbûl en Adana yn Turkije, yn Sjanghai yn Sina, en yn Makau. De binnendoarsênes waarden, lykas by de measte James Bond-films, fierhinne opnommen yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire en yn 'e Longcross Studios yn Surrey.

Distribúsje