Grant & Forsyth wie in Ingelsk sjongduo, dat bestie út it troud pear Dominic Grant en Julie Forsyth. Allebeide wiene dy yn 'e 1970-er en iere 1980-er jierren lid fan 'e súksesfolle popgroep Guys 'n' Dolls. Nei't dy band yn 1985 útinoar foel, rjochten Grant en Forsyth harren duo op. Se makken fral countrymuzyk en countrypop.
Leden Dominic Grant (Londen, 21 augustus 1949 – ?, 18 novimber 2020) wie behalven sjonger en muzikant ek byldzjend keunstner. Fan syn wurk waarden útstallings holden yn Londen, Amsterdam en it Spaanske Marbella. Hy ferstoar mei 71 jier hommels oan in aneurysma (ferwiding) fan 'e abdominale aorta. Julie Forsyth (Watford yn Hertfordshire, 4 april 1958) is de dochter fan 'e Britske presintator en kwismaster sir Bruce Forsyth, dy't yn 2017 ferstoar. Hja is de widdo fan Dominic Grant, mei wa't hja in dochter krige, Sophie Grant, dy't yn 2010-er jierren út en troch mei har âldelju optrede.
Skiednis Grant en Forsyth kamen mei-inoar yn 'e kunde doe't se fan 1974 ôf lid wiene fan 'e fjouwerkoppige popformaasje Guys 'n' Dolls. Dat wie in band dy't benammen yn 'e 1970-er jierren súkses hie mei nûmers as There's a Whole Lot of Loving (1975), You Don't Have to Say You Love Me (1976) en You're My World (1977). Grant en Forsyth krigen yn dy tiid in relaasje dy't letter útgroeide ta in houlik. Grant stie yn 1982 njonken syn lidmaatskip fan 'e Guys 'n' Dolls ek solo yn 'e Nederlânske hitlisten, mei it nûmer I Won't Let Me Down.
Doe't de Guys 'n' Dolls yn 1985 útinoar foelen, setten Grant en Forsyth harren karriêre as sjongers tegearre fuort. Se songen benammen countrymuzyk en ferhuzen koarte tiid letter nei Nederlân, dêr't se harren grutste súkses hiene. Se behellen trije kear in gouden plaat, mei Country Love Songs (1990), Country Love Songs 2 (1991) en More Country Love Songs (1993), en ien kear in platina plaat, mei Country Love Songs 3 (1992). Yn 1988 behellen se harren heechste plak yn 'e Nederlânske Top 40 mei The Sun Ain't Gonna Shine Anymore, in cover fan in nûmer fan Frankie Valli, dat it 15e plak berikte. Yn 'e folgjende jierren stiene se noch fiif kear yn 'e Top 40.
Forsyth skreau en komponearre njonken har sjongkarriêre ek lieten foar oare artysten. De Skotske sjonger Scott Fitzgerald berikte mei it troch har makke nûmer Go yn 1988 it twadde plak op it Eurofyzjesongfestival efter winneresse Céline Dion , dy't foar Switserlân útkaam mei it liet Ne Partez Pas sans Moi. Grant en Forsyth fersoargen foar Fitzgerald, yn 'e mande mei Des Dyer fan Jigsaw, ek de eftergrûnsang. Yn 2011 fierden Grant & Forsyth feestlik harren fiifentweintichjierrich jubileum. Yn sawol 2013 as 2017 wurken se yn 'e mande mei harren dochter Sophie mei oan it konsert fan 'e Toppers yn 'e Amsterdam Arena.
Diskografy Albums studio-albums 1990 – Country Love Songs (goud) 1990 – Country Christmas 1991 – Country Love Songs 2 (goud) 1992 – Country Love Songs 3 (platina) 1993 – More Country Love Songs (goud) 1994 – Warm Feeling 1995 – In Between Dances 1997 – True Love Songs 1998 – Let's Dance 2001 – New Country Love Songs kompilaasje-albums 1996 – Grant & Forsyth: Hun Grootste Successen 2004 – Grant & Forsyth: The Platinum Country Collection 2005 – Most Beautiful Country Love Songs
Singles mei in notearring yn 'e Nederlânske Top 40 1988 – nû. 15: The Sun Ain't Gonna Shine Anymore (B-kant: Be My Baby) 1988 – nû. 33: Anything for You 1990 – nû. 29: Somewhere Between 1990 – nû. 32: To Know You Is to Love You 1990 – nû. 31: The Greatest Gift of All 1992 – nû. 30: Turning Over New Leaves oare singles 1986 – Take Care of Our Children (Don’t Drive Drunk) 1986 – You Make Me so Happy 1986 – (Don’t Stay) For the Sake of the Children 1986 – You’ve Lost That Loving Feeling 1987 – I Want You 1989 – Touch the Moon 1991 – Stay 1991 – Medley 1992 – I Believe 1993 – Driving My Life Away 1993 – Lay Back in the Arms of Someone 1994 – Queen of Hearts / Once Upon a Time in the West 1994 – Storybook Children 1995 – Mi vida loca (My Crazy Life) 1995 – Standing on the Edge of Goodbye 1997 – Love on the Rocks 2001 – Amazed 2001 – Goodbye My Love 2008 – Love Grows (Where My Rosemary Goes) 2013 – Anyone Who Had a Heart
Keppelings om utens Offisjele webside fan Grant & Forsyth Grant & Forsyth op AllMusic
Kategory:Ingelske countryband Kategory:Band oprjochte yn 1985 Kategory:Band opheft yn 2020