Roosje Hindeloopen (folút: Oud Hindelooper Kunst v/h A. Roosje Anno 1894) is in bedriuw yn 'e Fryske stêd Hylpen, dat yn 1894 oprjochte waard. It bedriuw is spesjalisearre yn 'e makkelei fan tradisjonele Hylper keunst en de produksje fan hânmakke en beskildere meubilêr. Tsjintwurdich makket Roosje Hindeloopen ek eigentiidske meubels, wêrby't moderne ûntwerpen op it mêd fan foarm en patroan kombinearre wurde mei âlde techniken.
Anno 2020 wie Roosje Hindeloopen mei 125 jier it âldste bedriuw yn 'e Hylper houtfykkeunst en Hylper skilderkeunst. It bedriuw wurdt sjoen as wichtich foar it behâld fan 'e Hylper keunst en kultuer. Eigner Titus Stallmann wie de fjirde generaasje út 'e neiteam fan oprjochter A. Roosje.
Mids desimber 2020 waard Roosje Hindeloopen it predikaat hofleveransier takend. It soe op 18 desimber troch kommissaris fan 'e kening yn Fryslân Arno Brok persoanlik oan Stallmann útrikt wurde, mar omreden fan 'e twadde Nederlânske lockdown yn it ramt fan 'e wrâldwide pandemy fan it koroanafirus moast dat útsteld wurde oant in lettere datum.
Keppelings om utens Offisjele webside fan Roosje Hindeloopen
Kategory:Frysk meubelfabryk Kategory:Hylpen Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1894