Rehburg-Loccum is in gemeente yn de lânkring Nienburg/Weser yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. De stêd ûntstie nei in gearfoeging fan ferskate gemeentes op 1 maart 1974

Stedsyndieling De stêd Rehburg-Loccum bestiet sûnt 1974 út de folgjende plakken (Ortsteile): Bad Rehburg Loccum Münchehagen Rehburg Winzlar

It besjen wurdich Bad Rehburg hat in histoarysk kuerkompleks dat bestiet út baaiynrjochtings, in museum oer de baaikultuer, útstallingsromtes en de 19e iuwske Friederikenkapelle. De gebouwen datearje út it tiidrek 1750-1850, mar geane op it jier 1690 werom, doe't de heilsume wurking fan de boarnen bekend waard en de Hannoverske hegerein dêr graach wêze mocht. It kleaster Loccum wie eartiids in sistersjinzersk kleaster en wurdt tsjintwurdich brûkt troch de Evangelische-Lutherische Landeskirche Hannovers. It Dinopark Münchehagen is it grutste wittenskiplike attraksje- en temapark fan Dútslân.

Musea Heimatmuseum (Rehburg) Weef- en Tekstylmuseum (Loccum)

Kategory:Gemeente yn Nedersaksen Kategory:Plak yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1974