thumb|180px|Heinrich Kiepert Johann Samuel Heinrich Kiepert (Berlyn, 31 july 1818 - dêre, 21 april 1899) wie in Dútske geograaf en kartograaf. Hy wie universitêr dosint oan de Humboldtuniversiteit yn Berlyn en makker fan tal fan histoaryske en skoalkaarten en kaarten fan de Levant. De resultaten fan syn ûndersyk binne lykwols faak opnomd yn oare publikaasjes.
Biografy Jonkheid en oplieding Kiepert waard berne yn Berlyn. Yn syn jonkheid reizge er in protte mei syn âlden. Dy reizen lei er fêst yn tekeningen. Syn famylje wie befreone mei de skiedkunige Leopold von Ranke, dy't Kieperts kreative ynspannings ynspirearre. Op skoalle krige Kiepert krige les fan de klassikus August Meineke. Meineke beynfloede Kieperts niget oan de klassike âldheid. Hy gong nei de Humboldt Universiteit fan Berlyn en studearre dêr skiednis, filology en ierdrykskunde.
Karriêre as kartograaf Hy publisearre syn earste geografyske wurk, mei Carl Ritter, yn 1840, mei de titel Atlas von Hellas und den hellenischen Kolonien. De atlas rjochte him op it âlde Grikelân. Yn 1841 tekene er de kaarten dy't ferskynden yn in baanbrekkend boek oer it Midden-Easten skreaun troch Edward Robinson, Biblical Researches in Palestine. Yn 1848 waard syn Historisch-geographischer Atlas der alten Welt publisearre. De atlas Atlas antiquus waard yn 1854 útbrocht en waard oerset yn fiif talen. De Neuer Handatlas über alle Teile der Erde waard foar it earst publisearre yn 1855. Yn 1877 folge syn Lehrbuch der alten Geographie en yn 1879 Leitfaden der alten Geographie, dat yn it Ingelsk (A Manual of Ancient Geography, 1881) en it Frânsk fertaald waard. Yn 1894 makke er it earste part fan in gruttere atlas fan de âlde wrâld mei de titel Formae orbis antiqui.
Tusken 1841 en 1848 reizge er fjouwer kear nei Lyts Aazje. Hy makke twa kaarten fan de regio, ien dêrfan wie de Karte des osmanischen Reiches in Asien, yn 1844. Fierder makke er in pear kaarten foar de útjouwerij Baedeker, benammen foar harren treflike reisgidsen foar Egypte en Palestina, mar ek in stikmannich foar in part fan Europa (Parys, Londen, Súd-Italië, ensfh.): Italie du Sud et la Sicile. Avec excursions aux îles de Lipari, à Tunis, à Malte, en Sardaigne et à Athènes (3e printinge, 1872), London nebst Ausflügen nach Süd-England, Wales u. Schottland, sowie Reiserouten vom Continent nach England (5e printinge, 1875); en Paris ses environs et les principaux itinéraires des pays limitrophes à Paris (3e printinge, 1874).
Kiepert dosearre geografy oan de Humboldtuniversiteit yn Berlyn fan 1854 ôf oan oant syn dea yn 1899.
Nei syn dea Syn soan, de kartograaf Richard Kiepert publisearre nei de dea fan syn heit dy syn oerbleaune wurk, ûnder mear in kaart fan Lyts Aazje yn 24 blêden yn 1902. Hy soarge ek foar de werútjefte fan Formae orbis antiqui. It eilân Kiepert (Kiepertøya) yn Spitsbergen waard nei him ferneamd.Stadnamn i norske polarområde: Kiepertøya (Svalbard).
In pear kaarten fan Kiepert
Wurk In kar: Atlas von Hellas und den hellenischen Kolonien. Berlyn 1841–1844 Palästina. 3 dielen, Halle 1841 Karte von Kleinasien. 6 blêden, Berlyn 1843–1845 Neuer handatlas der Erde. 40 blêden, Berlyn 1857–1860 Atlas antiquus. Berlyn 1861 Großer Handatlas. Berlyn 1893–1895 Formae orbis antiqui. 36 blêden, Berlyn 1893, dienmakke troch Richard Kiepert Lehrbuch der alten Geographie. Berlyn 1878 Leitfaden der alten Geographie. Berlyn 1879
Keppelingen om utens Kiepert syn atlas Kaarten fan Heinrich Kiepert, bibleteek fan de Universiteit fan Chicago
Kategory:Dútsk geograaf Kategory:Dútsk kartograaf Kategory:Dútsk heechlearaar Kategory:Dútsk publisist Kategory:Persoan berne yn 1818 Kategory:Persoan stoarn yn 1899