Andreas Gabalier (berne by Friesach op 21 novimber 1984) is in súksesfolle Eastenryksk sjonger fan de saneamde Volkstümliche Musik. Gabalier is fral tige bekend yn Eastenryk, Switserlân en Dútslân.
Libben Andreas Gabalier is de op ien nei âldste fan de fjouwer bern fan Wilhelm en Huberta Gabalier. Hy waard grutbrocht yn Graz yn it easten fan Eastenryk. Njonken de ferneamde dûnser Willi Gabalier hat er noch in jongere broer. De Frânske famyljenamme Gabalier stamt fan in soldaat, dy't yn de Frânske Tiid yn 1796 yn it ramt fan de Italjaanske kampanje fan Napoleon Bonaparte nei Eastenryk kaam en dêr bleau.
De heit fan Gabalier ferstoar yn 2006 oan selsdeading en syn jongere suster ferstoar yn 2008. It liet Amoi seg' ma uns wieder ("Ienris sjogge wy inoar wer") is wijd oan syn heit en suster.
Fan 2013 oant septimber 2019 hie Gabalier in ferhâlding mei de Eastenrykske moderator Silvia Schneider.
Underskiedings 2012: in ECHO yn de kategory Volkstümliche Musik 2012: Amadeus Austrian Music Award yn de kategory Schlager en Best Live Act 2012: Bambi yn de kategory Shooting Star 2013: Amadeus Austrian Music Award yn de kategory Volkstümliche Musik 2015: Amadeus Austrian Music Award yn de kategory Best Live Act
Gabalier krige foar syn wurk in rige gouden en platina platen.
Keppeling om utens Diskografy op Discogs
Kategory:Eastenryksk sjonger Kategory:Eastenryksk folksmuzykartyst Kategory:Eastenryksk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1984