Voorst is in gemeente yn Gelderlân. It leit tusken de Isel yn it easten, de gemeente Epe yn it noarden en de gemeente Apeldoarn yn it westen yn. De gemeente hat (, boarne: CBS) op in oerflak fan 126,52 km². It haadplak fan de gemeente is Twello.
Yn de gemeente stiet û.o. it kastiel Nijenbeek. Voorst waard as gemeente yn 1811 opjochte, wêrnei't it op 1 jannewaris 1812 in grut diel fan syn grûngebiet ferlear doe't Twello en Wilp selsstannige gemeenten waarden. Yn 1818 ûntstie Voorst yn syn hjoeddeistige foarm doe't de doetiidske gemeente Voorst fúzjearre mei de gemeenten Nijbroek, Twello en Wilp.
Njonken it haadplak Twello lizze de folgjende doarpen yn de gemeente: Bussloo, Klarenbeek, Nijbroek, Terwolde, Teuge, Voorst, Wilp en Wilp-Achterhoek. Fierders hat de gemeente de buorskippen Appen, Duistervoorde, Gietelo, De Kar, Klein Amsterdam, Noord-Emp, Posterenk, Spekhoek, Steenenkamer, De Vecht en De Wijk.
300px|thumb|left|Gemeentekaart fan Voorst
Keppeling om utens Gemeente Voorst
Kategory:Gemeente yn Gelderlân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1818