thumb|Himdyk by Snits De Himdyk is de dyk út 'e 12e en 13e iuw oan de bûtenkant fan de Himpolders. De polders binne oanlein om de súd- en eastiggen fan de Middelsee; de diken oan de bûtenkant fan de polders, dy't it wetter út it fean tsjinholden, foarmje tegearre de Himdyk. De dyk hie ek in ferkearsfunksje; yn in lân fol wetter wienen dit lange ferbinings oer lân, brûkber foar weinen mar ek foar legers. De diken hawwe foar it measte part de nammen Himdyk en Griene Dyk.
Kategory:Dyk yn Fryslân Kategory:Middelsee Kategory:Bouwurk út de 12e iuw Kategory:Geografy fan Raerderhim Kategory:Geografy fan Baarderadiel Kategory:Geografy fan Boarnsterhim Kategory:Geografy fan Littenseradiel Kategory:Geografy fan Súdwest-Fryslân Kategory:Geografy fan Ljouwert (gemeente)