De Tsjerke fan Westernijlân (Kerk van Westernieland) is in 13e-iuwsk tsjerkegebou fan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

Skiednis thumb|left|Ynterieur. Eartiids stie de oarspronklik oan Marije wijde tsjerke yn it midden fan it doarp. Yn 1717 spielde de Krystfloed in grut diel fan Westernijlân fuort en sûnt stiet de tsjerke oan 'e westlike râne fan it doarp. Westernijlân waard letter eastliker wer opboud.

De tsjerke is in romanogotysk bouwurk út de 13e iuw, de toer mei sealtek waard yn 'e 14e iuw oanboud.

Yn 'e 19e iuw waard de tsjerke bepleistere mei in wite pleisterlaach, dy't nei de grutte restauraasje fan 2001-2003 op 'e nij oanbrocht waard yn in giele kleur.

De herfoarme tsjerke waard yn 2008 oerdroegen oan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. Tsjerklik heart protestantsk Westernieland by de PKN gemeente Winsum-Halfambt. De tsjerke wurdt noch regelmjittich brûkt.

Ynterieur Oarspronklik hie de tsjerke yn elts travee in koepelferwulft, mar dy binne der yn 1831 útbrutsen en ferfongen troch in blaufarve balkeplafond. Njonken in preekstoel út 1660 hat de tsjerke in 17e-iuwske hearebank en in pear 17e- en 18e-iuwske sarken.

Oargel De tsjerke besit in oargel út 1893 fan de firma Van Oeckelen, Glimmen. It oargel hat ien manuaal mei sân registers en oanhongen pedaal.

Keppeling om utens Disposysje oargel

Kategory:Tsjerkegebou yn It Hegelân Kategory:Ryksmonumint yn It Hegelân Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Bouwurk út de 14e iuw Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân