De Tsjerke fan Nijtsjerk is in oarspronklik 13e-iuwske tsjerke op in wier yn 'e gemeente It Hegelân yn 'e provinsje Grinslân. De tsjerke is in ryksmonumint en eigendom fan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

Skiednis thumb|left|Oargel. De tsjerke fan Nijtsjerk hat gruttendiels 13e iuwske-muorren fan kleastermoppen. Yn 1629 fûn in grutte ferbouwing plak, werby de westlike muorre fan lytsere bakstien op 'e nij mitsele waard. De súdlike muorre waard ôfbrutsen en oant likernôch in meter ûnder de daklist wer mei de âlde kleastermoppen opboud. Dat barde nei't Piet Hein de Sulverfloat oermastere en Evert Lewe, dy't kollator fan de tsjerke en oandielhâlder fan de Westyndyske Kompanjy wie, de tsjerke opknappe liet en in dakruter joech mei in wynwizer mei de liuw fan it skaai Lewe. Ek waarden de lytsere romaanske finsters ferfongen troch gruttere rûnbôgefinsters. In gevelstien boppe de westlike tagong betinkt dy ferbouwing.

Ynterieur Yn 'e tsjerke stiet oan 'e eastlike muorre in 18e-iuwske preekstoel mei efterskot en klankboerd. De hearebank út 1680 is fersierd mei de wapens fan Von Inn- und Kniphausen en Lewe. Oer de flier fan it middenpaad lizze in tal âlde sarken, werfan de âldste út 1564 datearret. De liedklok is út 1762 en getten troch A. Petit. It mechanyske oerwurk is út likernôch 1900.

Oargel Yn 'e tsjerke stiet in ienmanualich oargel út 1883 fan 'e firma Van Oeckelen. It oargel besit sân registers op ien manuaal en hat in oanhongen pedaal. De hege tuorren binne mei elts in swarte rôffûgel fersierd, de middelste toer mei muzykynstruminten. Sûnt de bou is der neat mear oan it oargel feroare.

Keppeling om utens Disposysje oargel

Kategory:Tsjerkegebou yn It Hegelân Kategory:Ryksmonumint yn It Hegelân Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân