De J.C. Bloem-poëziepriis is in Nederlânske priis foar poëzy dy't om 'e twa jier útrikt wurdt. De priis fan 2500 euro, waard yn it libben roppen troch de stichting Mr. J.C. Bloem-Poëziepriis en de gemeente Steenwijkerland.

De priis hat as doel om de neitins oan de dichter J.C. Bloem libben te hâlden. Yn 2003 waard de bêste priis foar de bêste twadde bondel foar it earst útrikt. De sjuery waard doe foarsitten troch Jeltje van Nieuwenhoven. Mei yngong fan 2013 wie Saskia Stuiveling sjueryfoarsitter en sûnt 2018 hat Roger van Boxtel dy funksje.

Winners 2023: Iduna Paalman foar Bewijs van bewaring 2021: Moya de Feyter foar Massastrandingen 2019: Jonathan Griffioen foar Gedichten met een Mazda 626 2017: Maarten van der Graaff foar Dood Werk 2015: Els Moors foar Liederen van een kapseizend paard 2013: Mischa Andriessen foar Huisverraad 2011: Ester Naomi Perquin foar Namens de ander 2009: Maria Barnas foar Er staat een stad op 2007: Hanz Mirck foar Wegsleepregeling van kracht 2005: Hagar Peeters foar Koffers zeelucht 2003: Paul Marijnis foar Roze zoenen

Keppeling om utens Stichting Mr. J.C. Bloem-poëzieprijs

Kategory:Nederlânske poëzypriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2003