Paulo Renato Centeno Holvorcem (10 july 1967) is in Brazyljaanske amateurastronoom en ûntdekker fan asteroïden, út Porto Seguro yn de Brazyljaanske dielssteat Bahia.

Holvorcem studearre yn 1987 ôf mei in bachelortitel yn de natuerkunde oan de Universiteit fan Brasilia. Yn 1991 behelle er in masterdiploma yn de meteorology. Yn 1994 promovearre er op tapaste wiskunde oan de Universidade Estadual de Campinas.

Holvorcem hat tusken 1998 en 2004 goed 300 asteroïden ûntdutsen; mear as de helte dêrfan yn'e mande mei Charles W. Juels en Michael SchwartzMinor Planet Discoverers

Tegearre mei Juels ûntduts er de kometen C/2002 Y1 (Juels-Holvorcem) en C/2005 N1 (Juels-Holvorcem) en mei Michael Schwartz op 26 maaie 2011 yn it Tenagra-Observatoarium de komeet C/2011 K1 (Schwartz-Holvorcem)

Foar it finen fan C/2002 Y1 krigen de ûntdekkers de Harvard-Smithsonian Comet Award 2003.First Comet of Tenagra Observatory (engl.)

De asteroïde (13421) Holvorcem waard nei him ferneamd.

Literatuer : Dictionary of Minor Planet Names. 5e ed. Springer, Berlyn 2003, ISBN 3-540-00238-3 ()

Keppeling om utens Webstee Paulo Holvorcem

Kategory:Brazyljaansk astronoom Kategory:Persoan berne yn 1967