De herfoarme tsjerke is in ryksmonumint yn Nijesyl yn 'de provinsje Grinslân. De tsjerke waard yn 1661 boud en is yn 1999 oerdroegen oan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

Beskriuwing It giet om in ienfâldich sealtsjerkje mei in dakruter boppe de westlike gevel.

It geve tsjerkemeubilêr (preekstoel, klankboerd, doophek en twa hearebanken) datearret út de boutiid fan 'e tsjerke. Under de houten flier lizze in pear âlde sarken.

Oargel Yn 'de tsjerke stiet in oargel út it midden fan 'e 17e iuw. De firma Leichel fergrutte it yn 1870. It ienmanualige oargel hat 9 registers en in oanhongen pedaal. Yn fjouwer registers is noch 17e-iuwsk piipwurk oanwêzich.

Keppeling om utens De tsjerke op de side fan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken Orgelsite: disposysje oargel

Kategory:Tsjerkegebou yn Westerkertier Kategory:Ryksmonumint yn Westerkertier Kategory:Bouwurk út 1661 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân