Eben Haëzer is in nôtmûne yn it Grinslânske doarp Enumatil.
Nei in grutte brân yn 1906 waard njonken it âlde plak fan 'e 18e-iuwske foargonger de hjoeddeiske nôtmûne boud.Molendatabase It achtkant is ôfkomstich fan 'e yn 1906 ôfbrutsen mûne "De Goede Verwachting" oan it Skieppedykje ûnder Eastrum.Molendatabase
Op 1 novimber 1951 stoarte de stelling mei dêrop trije minsken nei ûnder. De minsken hiene gelok dat hja op 'e dongbult ûnder de mûne belânen en kamen sa mei de skrik frij.
Yn 1964 kocht de doedestiidske gemeente Súdhorn de mûne. Troch weryndielings waard de gemeente De Like letter eigner fan 'e mûne en sûnt 2019 is de gemeente Westerkertier eigner.
De restauraasje fan Eben-Haëzer yn 1985 makke de mûne nei in lang skoft fan stilstân wer mealree. Frijwillige mounders litte de mûne regelmjittich draaie.
De Ald-Hollânske wjukken hawwe in flecht fan 21 meter.
Keppeling om utens Historische Kring gem. Leek e.o.: Skiednis fan de mûnen yn Enumatil Mûnedatabase Allemolens.nl
Kategory:Enumatil Kategory:Bouwurk út 1907 Kategory:Bouwurk yn Westerkertier Kategory:Mole yn Grinslân Kategory:Ryksmonumint yn Westerkertier Kategory:Stellingmole