| boargemaster = | haadplak = ûnbekend | grutste plak = Delfsyl | ynwennertal = () | befolkingstichtens = | oerflak = 364,07 km² | wêrfan lân = 267,89 km² | wêrfan wetter = 96,18 km² | tal stêden = 2 | tal doarpen = 30 | ferkearsieren = 30px, 35px, 35px Spoarline Grins-Delfsyl | oprjochte = 2021 | perioade 1 = | namme perioade 1 = | perioade 2 = | namme perioade 2 = | perioade 3 = Oant 2019 | namme perioade 3 = Appingedam Delfsyl Loppersum | perioade 4 = | namme perioade 4 = | perioade 5 = | namme perioade 5 = | opheft = | opgien yn = | no part fan = | netnûmer = 0594, 0595, 0596 | postkoades = 9900-9934, 9936-9937, 9945-9949, 9987, 9990-9994 | tiidsône = UTC +1 | simmertiid = UTC +2 | webside = www.eemsdelta.nl }} 294px|thumb|Topografyske gemeentekaart fan Iemsdelta De gemeente Iemsdelta (Nederlânsk: Eemsdelta) is in gemeente yn it noardeasten fan Grinslân. De gemeente waard op 1 jannewaris 2021 troch de gearfoeging fan de eardere gemeenten Appingedam, Delfsyl en Loppersum foarme en hat meiïnoar 32 plakken. De gemeente hie op  ynwenners (boarne: CBS).

De gearfoeging wie in gefolch fan de yntinsjeferklearring op 16 novimber 2017 fan de gemeenten om te fusearjen. Op 12 jannewaris waard de datum fan de fúzje fêsteld op 1 jannewaris 2021. In wetsfoarstel ta gearfoeging fan de trije gemeentes waard op 22 april 2020 troch de Twadde Keamer en op 7 july 2020 troch de Earste Keamer oannommen.

Namme De ynwenners mochten sels kieze hokker namme fan de trije útstellen de nije gemeente krije soe:

Iemsdelta (nei de mûning fan de Iems, alhoewol't dy gjin delta is) Fivelgoa (nei de krite Fivelingoa dêr't de trije gemeentes yn lizze) Marenlân (mei in "maar" wurdt yn Grinslân en East-Fryslân ferwiist nei in wetterrin).

De opkomst wie 42% en op 6 jannewaris 2019 makken de boargemasters fan de gemeenten bekend dat de kar foar de nije namme op Iemsdelta foel.

Plakken De gemeente bestiet út 32 kearnen, dêr't der twa stêden fan binne:

Plak Ynwenners (2021)Sintraal Buro foar de Statistyk Appingedam 11.500 Bierum 575 Borgsweer 130 Delfsyl 15.240 Eenum 95 Farmsum 1.620 Garrelsweer 450 Garsthuizen 180 Godlinze 240 Holwierde 980 Huizinge 105 Krewerd 75 Leermens 175 Loppersum 2.570 Losdorp 145 Meedhuizen 815 Middelstum 2.2325 Oosterwijtwerd 150 Seeryp 420 Syldyk 165 Spijk 1.640 Startenhuizen net bekend Stedum 1.065 Termunten 330 Termunterzijl 295 Toornwerd 60 Wagenborgen 1.685 Westeremden 350 Westerwijtwerd 85 Wirdum 365 Woldendorp 890 't Zandt 970

Havens De gemeente telt twa havens: in grut yndustryhavenkompleks by Delfsyl, Farmsum en de Oosterhorn, dy't ûnder beheear fan it havenskip Groningen Seaports binne, mei in yn- en in úterdykse jachthaven en in jachthaven by Termunterzijl.

Gemeenterie De útslaggen neffens de weryndielingsferkiezings fan 8 novimber 2020:

Namme partijstimmen%sitten Lokaal Belang Iemsdelta 5243 31,92 11 PvdA 2650 16,13 5 KristenUny 1804 10,98 3 VVD 1693 10,31 3 CDA 1656 10,08 3 Gemeentebelangen Iemsdelta 1326 8,07 2 GrienLinks 953 5,8 2 Jongerepartij Iemsdelta 428 2,61 0 Senioarepartij Iemsdelta 403 2,45 0 D66 268 1,63 0Totaal16.42410029

Kategory:Iemsdelta Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2021