thumb|300px|Ferneamde Frânsenrige 1: Jeanne d'Arc • Jacques Cartier • Descartes • Molière • Pascal • Loadewyk XIV • Voltaire • Diderot • Napoleon rige 2: Victor Hugo • Alexandre Dumas • Évariste Galois • Louis Pasteur • Jules Verne • Eiffel • de Coubertin • Toulouse-Lautrec • Marie Curie rige 3: Proust • Charles de Gaulle • Josephine Baker • Cousteau • Camus • Édith Piaf • François Mitterrand • Brigitte Bardot • Zinédine Zidane Under Frânsen (manlik iental: Frânsman, froulik iental: 'Frânsêze', Française) wurde ferstien: besitters fan de Frânske nasjonaliteit de autochtoane ynwenners fan Frankryk en Frânse emigranten en harren neisieten militêren ûnder Frânsk gesach, bygelyks yn de Frânske tiid yn Fryslân (dit wiene net allinnich troepen mei de Frânske nasjonaliteit)

Frânsen as befolkingsgroep Komôf De autochtoane Frânsen binne fan oarsprong in griemmank fan Keltyske stammen (Galjers) en Romeinen, en letter ek Germanen (Franken, Noarmannen, Westgoaten en Boergonjers) en Basken of Ibearjers (Akwitaanjers).

Taal De oerhearskjende taal dan de autochtone Frânsen yn Frankryk en dêrbûten is it Frânsk, in Romaanske taal, dy't lykwols beynfloede is troch Keltyske talen (Gallysk) en Germaanske talen (benammen it Frankysk).

Neist it Frâns wurde troch de autochtoane Frânsen yn Frankryk en noch de besibbe streektalen Arpitaansk, Pikardysk en it Oksitaansk sprutsen. Oare Frânsen yn Frankryk sprekke ek it Bretonsk, in Keltyske taal, it Baskysk, it Elzassersk, in Dútsk dialekt, it Katalaansk, Korsikaansk en Arabysk.

Kategory:Romaansk folk Kategory:Etnyske groep yn Frankryk Kategory:Etnyske groep yn Itaalje Kategory:Etnyske groep yn Lúksemboarch Kategory:Etnyske groep yn Monako Kategory:Etnyske groep yn Switserlân Kategory:Etnyske groep yn Belgje Kategory:Etnyske groep op Guernsey Kategory:Etnyske groep op Jersey