De Hilmahústermûne is in poldermûne súdlik fan it doarp Fisfliet yn 'e provinsje Grinslân, fuort oan 'e Fryske grins. Eigner fan 'e mûne is De Stifting Grinslânske Poldermûnen.
De mûne waard yn 1868 boud en stiet oan 'e noardlike kant fan it spoar fan Ljouwert nei Grins en oan 'e rjochter kant fan 'e Lauwers.
De mûne wurke noch in set ferlyn as gemaal. Nei't de diselmotor út de mûne helle waard, mealt de mûne allinne noch op frijwillige basis. In echte funksje hat de mûne net mear, it wetter wurdt allinne wat ompompt.
De wjukken hawwe lykas in soad oare Grinslânske mûnen selsswichting. Sûnt 2015 hat de mûne elektrisiteit.Doarpsside Fisfliet, oproppen 6 novimber 2020
Yn 2018 waard it 150-jierrich jubileum fan 'e mûne fierd.Dagblad van het Noorden, 10 juny 2018
Keppeling om utens Mûnedatabase Grinslânske Mûnen Allemolens.nl
Kategory:Fisfliet Kategory:Bouwurk út 1868 Kategory:Bouwurk yn Westerkertier Kategory:Mole yn Grinslân Kategory:Ryksmonumint yn Westerkertier