Deddo Hesselink (Zuidwending, 3 july 1864 – De Haach, 29 maart 1953) wie in Nederlânske politikus.

Biografy Hesselink waard berne yn 1864 yn Zuidwending as soan fan lânbouwer Willem Jan Hesselink en Frouke Bosscher. Hy sette útein mei syn karriêre as amtner op de sekretary fan de gemeente Achtkarspelen. Op 6 maaie 1892 waard er beneamd ta boargemaster fan Finsterwolde. Fan 15 oktober 1896 oant 16 augustus 1930 wie er boargemaster fan It Bilt.Leeuwarder Courant d.d. 15 maaie 1930: Burgemeester Hesselink vraagt ontslag Under syn Fryske amtsperioade wie Hesselink lid fan de ried fan tafersjoch fan de Coöperatieve Voorschotbank 'Het Bildt', foarsitter fan de faktekenkursus fan it Nutsdepartemint en konsul fan de ANWB.Nieuwsblad van het Noorden d.d. 2 april 1953: Oud-burgemeester Hesselink overleden

Nei syn pinsjoen ferfear Hesselink nei De Haach, dêr't er op 29 maart 1953 ek stoar.

Hesselink wie Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.Algemeen Handelsblad d.d. 30 augustus 1924: Onderscheidingen Syn pake fan memmekant, Deddo Harms Bosscher, wie boargemaster fan Veendam.

Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Boargemaster fan It Bilt Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 1864 Kategory:Persoan stoarn yn 1953