De tsjerke fan Sânfurd is in protestantsk tsjerkegebou yn Sânfurd. De tsjerke wurdt beheard troch de Stifting Sânfurd en is in ryksmonumint. De PKN-gemeente Aldegea e.o. makket út en troch gebrûk fan 'e tsjerke foar de fiering fan tsjinsten. De tsjerke wurdt ek in soad brûkt as troulokaasje.
Skiednis De skiednis fan 'e tsjerke giet werom op in 11e-iuwske kapel, dy't by it Starumer Odulfuskleaster hearde. Dat hat nei alle gedachten in ienfâldich houten gebouke west mei in reiten tek. De patroanhillige fan 'e kapel wie Jehannes de Doper. Yn 'e 12e iuw waard de kapel ferfongen troch in bakstiennen tsjerkje. It bewiis dêr foar waard levere troch de fynst fan resten fan fûneminten en stikken fan in sarkofaach fan reade sânstien, mooglik fan in geastlike út it Odulfuskleaster.Keppelstok (SAFT), nû. 59, desimber 1999, H.T. Algra
De lokaasje by it wetter levere de tsjerke nochal ris ûngemak op. Yn 1543 moast al it besit fan de tsjerke ferkocht wurde om in wetterkearing fan houten peallen oan te lizzen, oars soe de tsjerke en it hûs fan 'e pastoar der ûnder strûpe.
Fanwegen brekfalligens moast de midsiuwske tsjerke yn 1732 ôfbrutsen en troch nijbou ferfongen wurde. Yn 'e moanne septimber fan itselde jier waard de nije tsjerke foltôge. thumb|left|190px|<center>Van Dam-oargel<center> Fanwegen it grutte tal ûnderdûkers yn 'e omkriten waard de tsjerke yn de Twadde Wrâldkriich tige goed besocht. It tuorke moast yn 'e jierren 1970 nei bliksemynslach wer opboud wurde.
De Herfoarme tsjerke waard yn 1978 ûnderbrocht by de Stifting Sânfurd, dy't it doel hat de tsjerke foar it neiteam te behâlden.Side Sânfurd: skiednis
Ynterieur It houten tonferwulft datearret fan 1813. Foar yn 'e tsjerke leit de sânstiennen deksel fan de sarkofaach dy't by de restauraasje fûn waard. De preekstoel stamt út 'e 16e iuw. De firma Van Dam út Ljouwert boude yn 1857 in nij mechanysk sleepladen-oargel mei ien manuaal en oanhongen pedaal. Yn 1957 revisearre de firma Reil út Heerde it oargel. Bakker & Timmenga restaurearre it ynstrumint yn 'e jierren 2005-2006 en op 27 maaie 2006 waard it oargel wer yn gebrûk nommen mei in konsert fan Jan Jongepier.Orgelsite, oproppen 26.08.2020
Gebrûk Simmerdeis hâldt de PKN-gemeente Aldegea e.o. yn 'e tsjerke in tal earetsjinsten. De tsjerke wurdt troch de gemeente Súdwest-Fryslân as troulokaasje brûkt. Ek fine der routsjinsten plak.
Keppeling om utens Disposysje oargel
Tsjerke Kategory:Tsjerkegebou yn Súdwest-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Tsjerkegebou yn Wymbritseradiel Kategory:Bouwurk út 1732 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân