thumb|De Reiderwolderpolder: in weingat yn de Opdijk tusken it westlike en eastlike part fan de polder. thumb|De Reiderwolderpolder op in kaart út 1864, dêr't it westlike part al yndike wie en it eastlike part noch hieltyd kwelderlân is. thumb|Reiderwolderpolder mei de dyk nei Nieuwe Statenzijl thumb|Reiderwolderpolder mei weingat nei Stadspolder De Reiderwolderpolder is in polderen in earder wetterskip yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân en leit besúdeasten de Carel Coenraadpolder en benoarden de Oostwolderpolder en de Stadspolder.
Skiednis De Reiderwolderpolder waard yn de njoggentjinde iuw yn twa fasen yndike. It westlike part fan 1.170 bunder waard fan 1862 oant 1864 ynpoldere en it eastlike part fan 390 bunder waard fan 1872 oant 1874 ynpoldere. It giet om it yndykjen fan de kwelders fan de Doalert dy't yn de Lette Midsiuwen troch oerstreamings ûnderstrûpt waarden. It nije lân wie tige gaadlik foar it ferbouwen fan nôt. Foar de wetterôffier waard in nije slûs oanlein yn Nieuwe Statenzijl.
De polder waard nei it ferdronken doarp Reiderwolde neamd.
Stadspolder It meast eastlike part dat as lêste oanlein waard lei benoarden de Stadspolder (polder fan de stêd) en dy wie alhiel yn besit fan de stêd Grins. Dat part waard ek wol sjoen as in útwreiding fan dy polder, dochs bestjoerlik foel it ûnder de Reiderwolderpolder.
Wetterskip Tagelyk mei it úteinsetten fan it yndykjen is der it Wetterskip Reiderwolderpolder oprjochte. It hie de feantwurdlikens, njonken dy fan it foltôgjen fan de seedyk en it ûnderhâld dêrfan, ek foar it wetterôffier. It wetter kaam einlings út troch de slûs by Fiemel yn de Iems.
Njonken it ûnderhâld oan de seedyk en de bermsleat, dêr't it wetter troch ôffierd waard, moast it wetterskip ek sân klaaidiken en twa ferhurde diken ûnderhâlde.
Sûnt 2000 falt it gebiet ûnder it wetterskip Hunze en Aa's.
Literatuer Schortinghuis, S.W. Beknopte geschiedenis van de Reiderwolderpolder, 1862-1912, Wynskoat, 1912 Beknopte geschiedenis van den Reiderwolderpolder, 1862-1937, 1937 Onnes, C.J. Beknopte geschiedenis van de Reiderwolderpolder: 1862-1962, 1962 Noteboom, J.H. Verkwanseld Erfgoed 2013
Kategory:Earder wetterskip yn Grinslân Kategory:Polder yn Grinslân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1874