Tasjlûltûm (sekuere transliteraasje: Tašlultum) wie de frou fan Sargon fan Akkad, de stifter fan it Akkadyske Ryk. Hja waard nei alle gedachten berne yn 'e twadde helte fan 'e fjouwerentweintichste iuw f.Kr. en stoar earne yn 'e trijeëntweintichste iuw f.Kr.
Har namme is yn 'e argeology bekend fan ien inkele potdiggel fan in alabasterne faas of skaal. Dat artefakt wie foarsjoen fan in ynskripsje dêr't út opmakke wurde koe dat it troch de hôfmaster fan Tasjlûltûm, de oarehelte fan kening Sargon, skonken wie oan in timpel.
Op basis fan dy ynformaasje, en om't der neat bekend is dat soks tsjinsprekt, geane argeologen en histoarisy der ornaris fan út dat Tasjlûltûm keninginne fan it Akkadyske Ryk wie, en dat hja de mem wie fan Sargon syn bern Rimûsj, Manisjtûsjû, Enhedûanna, Sjû-Enlil en Ilaba'is-takal.
Kategory:Akkadyske adel Kategory:Persoan berne yn de 24e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 23e iuw f.Kr.