De Cathédrale Sainte-Croix d'Orléans (Katedraal fan it Hillich Krús) is in monumintaal tsjerkegebou yn 'e Frânske stêd Orléans. It is de jongste katedraal fan 'e grutte goatyske katedralen yn it lân. Fan oarsprong is de haadtsjerke fan it bisdom Orléans 13e-iuwsk, mar yn 1568 waard de katedraal foar in grut diel troch hugenoaten fernield. De tsjintwurdige katedraal datearret fan 'e 18e oant 19e iuw. De tsjerke is in histoarysk monumint.
Skiednis thumb|left|Resten fan 'e romaanske katedraal. Om't de âlde 11e-iuwske romaanske katedraal yn 1227 foar in diel ynstoarte, naam biskop Robert de Courtenay (1258–1279), in pakesizzer fan kening Loadewyk VI, it beslút de âlde katedraal net te renovearjen mar te ferfangen troch in goatyske nijbou. De biskop waard lykwols twongen om kening Loadewyk IX te begelieden op 'e krústocht. It wie syn freon en opfolger Gilles Pasté dy't op 11 septimber 1288 de earste stien foar de nijbou lei.
Lykas wens waard útein set mei de bou fan it koer en dêrnei ôfsletten mei de bou fan it skip, wêrby't de âlde romaanske tuorren en de net ynstoarte dielen yntegrearre waarden. It koer waard tsjin 'e ein fan 'e 13e iuw mei kapellen yn 'e apsis en yn 'e rin fan 'e 14e iuw mei sydkapellen fergrutte. De nije katedraal bleau frij fan skea yn 'e tiid fan it ûntset fan Orléans troch Jeanne d'Arc yn 1429. Yn 1512 waard in grutte gouden kûgel mei dêrop in krús op 'e klokketoer set, dy't dêrmei heger waard as de krusingstoer. Troch de bou fan fjouwer nije traveebôgen waard de ferbining mei it romaanske dwersskip foltôge.
Under lieding fan 'e foarsten fan Condé begûn yn 1567 de Twadde Hugenoatenkriich, de iennige offensive kriich fan 'e hugenoaten. Yn 'e rin fan 'e striid besetten de protestanten Orléans en al gau begûnen radikalen ek mei it ferneatigjen fan tsjerken. De oanfierder Loadewyk I, prins fan Condé, liet dêrom de poarten fan 'e katedraal tichtmitselje, mar yn 'e nacht fan 23 op 24 maart 1568 slagge it in lytse groep soldaten dochs om yn 'e katedraal te kommen. Mei eksplosiven ûnder de pylders fan 'e krusing feroarsaken hja in eksploazje, dy't de âlde katedraal hast folslein ferneatige. Allinne de kapellen en de twa earste traveeën fan 'e katedraal oerlibben de eksploazje. thumb|left|Grûnplan fan de hjoeddeiske katedraal. thumb|260px|Monumint foar Jeanne d'Arc. Op 2 july 1598 brocht kening Hindrik IV in besite oan 'e stêd. By dy besite ûnthiet de kening om op kosten fan 'e steat de weropbou fan 'e katedraal te realisearjen. Foar de nijbou leine kening Hindrik en keninginne Maria de Medici op 18 april 1601 de earste stien. It koer waard yn 1623 foltôge en yn 1627 begûnen de wurksumheden oan it dwersskip, wêrfan't it noardlike diel yn 1643 en it súdlike diel yn 1643 foltôge waarden. Boppe it portaal fan it súdlike dwersskip waard it biedwurd fan 'e nij kening Loadewyk XIV oanbrocht: Nec pluribus impar.
Yn 1739 begûn it wurk oan 'e westlike ôfsluting en de beide tuorren fan 'e katedraal. De âlde romaanske gevel waard ôfbrutsen en de nije yn 1773 foltôge. De twa earste ferdjippings fan 'e tuorren waarden yn 'e tsien jier dêrnei boud. Troch de bou fan 'e tuorren moast fanwegen ynstoartingsgefaar it portaal fersterke wurde. No't allinne noch de twa tuorren fan 'e katedraal foltôge wurde moasten, feroarsake de Frânske Revolúsje in ûnderbrekking fan it wurk. It duorre oant 1817 doe't der wer fierder wurke koe en yn 1829 waard, yn it ramt fan it 400-jierrige jubileum dat Jeanne d'Arc de stêd fan 'e Ingelsen befrijde, de foltôging fan 'e katedraal fierd.
Om't de klokketoer yn 1854 yntusken gefaarlik út it lead hong moast dy ôfbrutsen en yn in tiidrek fan fjouwer jier wer opboud wurde. Fuort dêrnei krige it koer fan 'e katedraal nije brânskildere ramen. Yn 'e nacht fan 8 op 9 septimber 1904 stoarte it ferwulft fan it hillichdom yn.
By de Dútske ynfaazje yn Frankryk yn 1940 waard in diel fan it histoaryske sintrum fan 'e stêd troch bombardeminten ferneatige. De katedraal rekke dêrby ek skeind, mar de skea bleau lykas as letter ek yn 1944 beheind. Fanôf it ein fan 'e Twadde Wrâldkriich sette in restauraasje útein om 'e katedraal wer yn 'e âlde gloarje werom te bringen. Dy wurksumheden binne noch jimmeroan net ôfsletten. Sa is hjoeddedei de tagong ta de twa tuorren ferbean foar besikers, om't de skea dêr noch jimmeroan net ferholpen is. De grutste klok fan 'e katedraal, dy't as gefolch fan it kriichsgeweld yn 1944 yn 1971 skuorde, waard pas yn 2012 wer op 'e nij getten en werom hongen. thumb|left|Ynterieur. Ofmjittings De katedraal is 140 meter lang en fiifskippich. Lingte ynterieur fan it skip: 40 meter. Lingte ynterieur fan it transekt: 53 meter. Lingte eksterieur fan it transept: 65 meter . Hichte fan 'e gevel: 40 meter. Hichte fan it ferwulft: 32 meter. Hichte tuorren: 88 meter Hichte krusingstoer (boud yn 1855-1859): 114 meter
Oargel It grutte oargel fan 'e katedraal waard yn 1822 út 'e abdij Saint-Benoît nei Orléans oerbrocht. De oargelkas datearret fan 1657. Louis Callinet brocht yn 1831 it ynstrumint yn oarder en yn 1880 folge, mei wergebrûk fan in diel fan it âlde materjaal en behâld fan 'e âlde kast, de bou fan in nij mechanysk sleeplade-oargel troch Aristide Cavaillé-Coll. It is ien fan 'e meast ferneamde ynstruminten fan dy oargelbouwer en it komt wat klank en disposysje oanbelanget tichteby it lettere symfoanyske klankideaal.
Restauraasjes fûnen plak troch Haerpfer-Erman yn 1979 en troch Bernard Hurvy tusken 2004 en septimber 2007. It ynstrumint besit 54 registers ferdield oer fjouwer manualen en pedaal.Orgelsite, oproppen 27.07.2020 </center>
Kategory:Orléans Orléans Orléans Kategory:Bouwurk út 1289 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1568 Kategory:Bouwurk út 1601 Kategory:Bouwurk út 1829