Boelo Luitjen Tijdens (Nieuw-Beerta, 7 oktober 1858 – dêre, 28 maaie 1904) wie in Nederlânske heareboer en politikus.

Tijdens wie in soan fan Jan Jacobs Tijdens en Lucretia Boerema. Hy waard opbrocht yn in lânbouwersgesin en behearde letter de famyljepleats yn Nij-Beerta."Boelo Luitjen Tijdens, redder in de nood", De verhalen van Groningen. Hy boaske yn 1881 oan Jantje Geessiena Ebbens (1857-1918). Fan 1891 oant 1901 wie Tijdens lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal foar it kiesdistrikt Wynskoat. Boer Tijdens krewearre yn de Keamer foar it beskermjen fan de Grinslanner lânbou.B.L. Tijdens, Parlement.com

Tijdens rjochte in 1892 de Vereniging ter bevordering van de kanalisatie van Westerwolde op. Yn dat ramt waard yn 1905, in jier nei it ferstjerren fan Tijdens, útein set mei de oanlis fan in kanaal fan Nijeskâns nei Veelerveen, it B.L. Tijdenskanaal. Letter waarden it Ruiten-Aa-kanaal en it Mussel-Aa-kanaal noch oanlein.

Yn 1913 waard by de Vriescheloostersluis in betinknulle oprjochte ta oantins fan Tijdens. It monumint waard makke troch stienhouwer Johan Holsbergen.

Fotogalery

Literatuer , ‘Boelo Luitjen Tijdens’, yn: Sibbe. Maandblad van het Nederlandsch Verbond voor Sibbekunde 4 (1944), s. 264-276

Kategory:Liberalen Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk boer Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk liberaal Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1858 Kategory:Persoan stoarn yn 1904