thumb|Wedde op in topografyske kaart út 1933 Wedde is in doarp en eardere gemeente yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It doarp leit oan de Westerwâldske Aa en leit 9 kilometer besúdeasten Wynskoat. It wie fan 1811 oant 1968 in selsstannige gemeente doe't it mei Bellingwolde gearfoege waard ta de gemeente Bellingwedde, dêr't it it haadplak fan wie. Yn 2018 waard Bellingwedde mei de gemeente Vlagtwedde gearfoege ta de nije gemeente Westerwâlde.
It gemeentehûs fan Bellingwedde wie yn it eardere kantoar fan it eardere wetterskip Dollardzijlvest.
Eardere gemeente Wedde wie oant 1968 in selsstannige gemeente. Ta dy gemeente hearden njonken it haadplak de folgjende doarpen, buorskippen en útbuorrens: Blijham, Hoornderveen, Hoorn, Lutjeloo, Morige, Tjabbestreek, Wedderheide, Weddermarke en Wedderveer. It gemeentehûs stie yn Blijham.
It besjen wurdich It Hûs fan Wedde, ek wol Wedderborg of Addingaborg neamd, wie in boarch dêr't de hearen fan Westerwâlde harren sit hiene. De boarch is in ryksmonumint. De Nederlânsk-Herfoarme tsjerke fan Wedde. It skip komt fan de trettjinde iuw en stiet op in list fan de Abdij fan Corvey. De koer komt út de fyftjinde iuw en de toer komt út 1870 dy't in eardere klokkestoel dy't justjes fierderop stie, ferfong. Benoarden Wedde leit rekreaasjegebiet de Wedderbergen. Besuden Wedde is de Geselberg, in opstode hichte dêr't yn de sechtjinde iuw 20 froulju libjend ferbaarnd waarden by de Jeropeeske heksejacht.
Ferfier De N368 rint by it doarp del.
Galery
Berne yn Wedde Willem Jacob Cranssen (1762-1821), gûverneur fan Ternate en Amboina Anno Houwing (1905-1983), fersetstrider en plysjekommissaris Johannes Sixtus Gerhardus Koning (1809-1888), boargemaster Harry Waalkens (1922-1985), politikus
Keppeling om utens It Hûs fan Wedde
Kategory:Plak yn Westerwâlde (gemeente) Kategory:Eardere gemeente yn Grinslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1811 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1968