Geert Frederik Eijgelaar (Ljouwert, 22 augustus 1927 - dêre, 3 april 2022Oud-burgemeester Geert Eijgelaar van Lemsterland overleden) wie in Nederlânsk politikus fan de ARP en letter it CDA.

Eijgelaar die de mts. Dêrnei hie er de lieding fan in koöperative middenstânsferiening ear't er yn septimber 1974 in hannelsagintskip en grossierderij oprjochte. Dêrneist wie er aktyf yn de lokale polityk. Sadwaande kaam er yn 1970 yn de gemeenteried fan Ljouwert en wie dêr fan 1974 ôf wethâlder. Yn augustus 1981 waard Eijgelaar waarnimmend boargemaster fan Hinnaarderadiel dat op 1 jannewaris 1984 opgie yn de gemeente Littenseradiel. Yn april 1984 folge syn beneaming ta boargemaster fan Lemsterlân wat er oant syn pinsjoenearring yn septimber 1992 bliuwe soe.

Kategory:Frysk politikus Kategory:Gemeenteriedslid fan Ljouwert Kategory:Wethâlder fan Ljouwert Kategory:Boargemaster fan Hinnaarderadiel Kategory:Boargemaster fan Lemsterlân Kategory:ARP-politikus Kategory:CDA-politikus Kategory:Frysk konservatyf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1927 Kategory:Persoan stoarn yn 2022