Elisaveta Petrovna Romanova (Russysk: Елизавета Петровна Романова; Moskou, 29 desimber 1709 — Sint-Petersburch, 5 jannewaris 1762 neffens de Juliaanske kalinder) regearre fan 1741 oant 1761 as tsarina oer it Russyske Ryk. Under Elizabeths bewâld waard de deastraf yn de praktyk ôfskaft. Hja befoardere de barokke keunst en wittenskip en liet Ruslân in grut tal barokke monuminten nei lykas it Winterpaleis en it Smolnikleaster.

Under har bewâld focht Ruslân mei súkses yn de Sânjierrige Kriich en har dea wurdt troch guon histoarisy as in faktor sjoen by de rêding fan Prusen.

Mei de dea fan Elizabeth stoar de oarspronklike Romanovdynasty út.

Jonkheid

Elizabeth waard yn 1709 yn Kolomenskoje by Moskou berne as it ûnwettich bern fan Peter de Grutte en Martha Skravronska, letter Katarina I. Pas twa jier letter, yn 1711, waard se troch it houlik fan har âlders wettich en as gruthartoginne grutbrocht. Hja brocht har bernetiid ynearsten yn Kolomenskoje troch en om't har heit en mem faak net thús wiene brochten russyske en finske fammen har grut. Letter waard de soarch oan har muoike Praskovja Fjodorovna Saltikova tabetroud, dy't yn Ismailovo by Moskou wenne. Troch har muoike ûntwikkele Elizabeth har as in djip religieus persoan. Hja hold har oan de fêsteltiden, bidde in soad en pylgertochten waarden al gau in fêst ûnderdiel fan har libben. Pas doe't se acht waard krige se regelmjittich ûnderrjocht fan ferskate ûnderwizers, dy't har heit ynhierd hie. Se krige lykwols benammen les yn bûtenlânske talen lykas Frânsk, Dútsk en Italjaansk, sa't se goed útrist wêze soe op in libben oan it hôf yn it bûtenlân, mar fierder stelde har foarming net it measte foar.

Yn 'e âldens fan tolve jier waard Elizabeth mearderjierrich ferklearre. Bûtenlânske gesanten wiene optein oer de kreaze ferskining fan de gruthartochinne en ek rapportearren se oer har muzikale talint.

Houlik

Doe't Peter de Grutte yn 1717 yn Parys wie gyngen de gedachten foar it earst nei in ryssysk-frânks houlik út. Yn 1721 waarden dy gedachten konkreter en der ûnstiene tige komplekse ûnderhannelings, dy't lykwols fanwegen religieuze kwestjes en de ûnwettige komôf fan Elizabeth speak rûnen. Fan Frânske kant waard yn stee fan Loadewyk XV Loadewyk fan Chartres nei foarren skood. De tsaar soe syn kandidatuer fanwegen de poalske kroan ynearsten stypje, mar de nije ûnderhannelings gyngen wer tige swier. Fan frânske kant waard easke dat it houlik pas sletten waard nei't de hartoch fan Chartres ta kening fan Poalen keazen waard. Dêr hie Peter de Grutte it net op stean; de doedestiidske kening fan Poalen August de Sterke libbe noch altiten. Yn 1725 ferstoar Peter de Grutte en de mem fan Elizabeth folge him as Katarina I op as keizerin. Katarina fersei Elizabeth oan Karel August fan Sleeswyk-Holstein-Gottorf, prins-biskop fan Lübeck, foar wa't Elizabeth oprjochte gefoelens hie. Fanwegen sykte fan Katarina I moast it houlik lykwols ferskood wurde; Katarina I ferstoar yn 1727 en 13 dagen letter ferstoar ek de oansteande breugeman fan de grutfoarstinne oan de pokken. Elizabeth soe doe besletten ha net te boaskjen.

Erfstriid Katarina I liet de russyske troan oan Peter II nei. Peter wie de soan fan Aleksej (1690–1718), de legitime soan fan Peter de Grutte. Om't Peter II doe noch mar 12 wie regele Aleksander Danilovitsj Mensjikov de regearsaken. De beide dochters fan Peter de Grutte soene alle twa in rojale skeafergoeding krije om 't der gjin gebrûk makke waard fan harren troanrjochten, mar Mensjikov soarge der foar dat dy fergoeding net útbetelle waard. Anna Petrovna ferliet mei har man dêrnei Ruslân en ferstoar yn 1728, wylst Elizabeth yn tige ienfâldige omstannichheden efterbleau. Om gjin lêst mei Elizabeth te krijen besocht Mensjikov har oan in man te sliten, mar Elizabeth wist har dêr mei súkses tsjin te warjen en hie in yntime ferhâlding mei Aleksander Borissovitsj Bûtoerlin. Nei't Peter II dat yn 'e noas krige ferballe er Bûtoerlin nei Sibearje. Dat wie foar Elizabeth in hurde klap en de relaasje mei har broer Peter soe net mear goedkomme. Elizabeth loek har werom yn Ismailovo by Moskou en libbe dêr ienfâldich as hospita. Yn dy tiid kaam se yn de kunde mei minsken dy't letter, doe't se keizerin waard, wichtige funksjes yn har Ryk krigen: Michael Larionovitsj Vorontsov (letter vise- en grutkânsler), Peter Ivanovitsj Sjûvalov (letter senaatspresidint), Aleksander Ivanovitsj Sjûvalov (letter haad fan de geheime plysje) en Armand Lestocq (har dokter). Lykas har heit mocht ek Elizabeth har graach mei it gewoane folk ôfjaan; fral it dragen fan bern fan gewoane komôf by de doop brocht har in soad freugde. Dat bleau ek letter sa; Elizabeth soe ien fan de meast "folkske" hearskers fan it Russyske Ryk wurde.

Nei de ûnferwachtse dea fan Peter II kaam neffens it testamint fan har mem de troan rjochtmittich oan Elizabeth ta. De grutfoarstinne moast har libben yn Ismailovo opjaan en hie nei Moskou gean moatten, mar dat die hja net. Elizabeth die hielendal neat en sa barde it dat de troch Katarina I oprjochte Hege Geheime Ried Anna Ivanovna, in heale nicht fan Elizabeth en de hartoginne fan Koerlân, ta de nije russyske keizerin keas. Skiedkundigen begripe noch net werom't Elizabeth har net ta keizerin kieze liet, mar sels sei se dat se bliid wie dat se it net dien hie, se fûn harsels op dat stuit noch te jong en wie benaud dat it folk har net akseptearje soe.

Sa lang't Anna Ivanovna op de troan siet bleau Elizabeth fral yn Ismailovo of yn wat letter Tsarskoje Selo waard. Hja mocht graach jeije of toaniel sjen, dat noch al ris de gek hie mei it hôf fan Anna Ivanovna. De keizerin wie dêr min oer te brûken en liet Elizabeth mei in netwurk fan spionnen kontrolearje en minsken út de omjouwing fan de gruthartoginne ferwiderje. Hieltyt wer moast Elizabeth deemoedige brieven oan Anna Ivanovna stjoere om genede foar har ûndergeskikten te freegjen. By offisjele gelegenheden liet Elizabeth har lykwols graach oan it hôf sjen en troch har skientme en humor wist se Anna Leopoldovna yn it skaad te stellen, de nicht fan Anna Ivanovna dy't troch de keizerin as troanopfolgster oanwiisd wie. Ek Elizabeth's minnaar Aleksej Sjûbin waard troch de keizerin nei Sibearje deportearre en jimmeroan waard de gruthartoginne fanwegen har hâlden en dragen drige mei it opsluten yn in kleaster as se net gau trouwe soe. Elizabeth liet har net fan 'e wiis bringe en troude net.

Yn 1735 learde Elizabeth in man kennen dy't tenei har libben lang oan har side bliuwe soe: Aleksej Razûmovski, in sjonger yn de hofkapel fan Oekraynske komôf. Mooglik is Elizabeth yn 1748 yn it geheim yn de tsjerke fan it doarp Perovo by Moskau troud, mar dat is net te bewizen. Wol is der in oanwizing fan in lyts dûbelportret mei it opskrift: "It geheim is segene".

Nei de dea fan Anna Ivanovna yn 1740 wie it net har nicht Anna Leopoldovna dy't op de troan kaam, mar dy har soan Ivan VI (1740-1764), dy't noch mar krekt op de wrâld wie. As regint hie Anna Ivanovna har sekretaris Biron beneamd, mar dy waard al yn in pear wike tiid troch Anna Leopoldovna oan 'e kant reage, sadat se sels foar regintesse opslaan koe. Doe't Biron yn novimber 1740 oppakt waard, gyng it praat ûnder it folk dat de arrestaasje yn namme fan Elizabeth plak fûn hie, dy't no fan doel wie de troan foar harsels op te easkjen. It kaam ta in spontane weach fan sympaty foar de gruthartoginne, itjinge in soad pine yn 't liif by Anna Leopoldovna fersoarsake. Wylst de regintesse, in dochter fan in Dútske foarst, har wikenlang skûl hold, wie de grutfoarstinne oeral yn de haadstêd te sjen.

Steatsgreep

It folk wie net tefreden mei de nije tsaar Ivan VI en Elizabeth wist syn tsjinstanners om har hinne te sammeljen. Fral de garderezjiminten wiene Elizabeth trou bleaun. Elizabeth presintearre harsels no mei klam as de dochter fan Peter de Grutte, dy't Ruslân no fan frjemde Dútske ynfloeden befrije woe. Ek wiene der oare lannen dy't belang hiene by Elizabeth as keizerin, lykas Frankryk en Sweden. Hja hopen yn ruil foar stipe oan in steatsgreep troch Elizabeth op de weromjefte fan ferlerne gebieten yn East-Europa, dy't troch Peter de Grutte oermastere wiene, sadat Ruslân yn de âlde grinzen werom foel. Der wiene ûnderhannelings mei bûtenlânske machten, mar Elizabeth wie net ree de kroan foar dy priis te keapjen en naam it beslút om by in steatsgreep gjin gebrûk te meitsjen fan bûtenlânske krêften. Profitearjend fan it ynterregnum ferklearre Sweden yn 1741 it Russyske Ryk de kriich. Russyske troepen marsjearden de haadstêd út, mar de oan Elizabeth trouwe garderezjiminten bleaune efter. Dochs like Elizabeth ynearsten noch net ree west te hawwen om mei geweld in steatsgreep út te fieren. Undertusken liet Anna Leopoldovna har kontrolearje en yn oktober waarden der fijannige aktiviteiten yn it hûs fan de gruthartoginne ûntdutsen. Op 3 desimber 1741 kaam it ta in treffen tusken Elizabeth en Anna Leopoldovna; Elizabeth wist Anna Leopoldovna del te bêdzjen en beswarre de regintesse neat fijanneliks fan doel te wêzen. Anna Leopoldovna drige Elizabeth nochris mei it kleaster as hja langer wegere om te trouwen. Elizabeth en har oanhingers wiene no warskôge en op harren iepenst.

Op 5 desimber 1741 joech Anna Leopoldovna it befel oan de garderezjiminten, dy't yn Sint-Petersburch efter bleaun wiene, om harren klear te meitsjen en ek nei it front te gean. Elizabeth hie yntusken it beslút nommen om fan de sitewaasje gebrûk te meitsjen en yn de nacht fan 6 desimber besocht Elizabeth de kazernes fan it Preobrazjenski-garderezjimint. Hja liet de soldaten trou swarre en ûnthjitte dat nimmen by de putsch deade wurde soe; delegaasjes waarden fuortendaliks nei oare rezjiminten stoerd en de steatsmannen fan it âlde rezjym oppakt. Om 02:00 oere dy nacht ried Elizabeth oan it haad fan it Preobrazenski-garderezjimint nei it Winterpaleis. De steatsgreep ferrûn fredich, der wie gjin ferset en de minderjierrige Ivan VI waard mei syn mem finzen nommend. Neffens in oerlevering soe Elizabeth Anna Leopoldovna sels wekker makke ha mei de wurden: "susterke, it is tiid om fan 't bêd ôf". Nei alle gedachten hawwe de twa froulju inoar dy nacht lykwols net sjoen. Op de iere moarn waard it folk mei in manifest yn 'e kunde brocht fan de steatsgreep, dy't fierder sûnder bûtenlânske help útfierd waard.

Ynearsten wie Elizabeth fan doel Anna Leopolvona en Ivan VI nei Dútslân te stjoeren, mar se hold de famylje as gizelers yn Ruslân. Nei 't yn 1743 in gearspanning ûntdutsen waard hoegde de famylje net mear op útreis te rekkenjen en waard de famylje nei Cholmogori oan de Wite See ferballe. De lytse Ivan VI waard letter opsletten yn de Schlüsselburg op in eilân yn de Neva, dêr't er oant syn dea yn 1764 bliuwe soe.

Mei de oanhingers fan it âlde rezjym waarden yn de foarm fan in grutskalich sjoproses ôfrekkene en hja makke fral regaat mei de Dútske ynfloed op it lânbestjoer. De oanklage persoanen krigen allegear de deastraf. Sa woe de nije keizerin in foarbyld stelle, mar doe't de feroardielde manlju op 29 jannewaris 1742 nei it eksekúsjeplak brocht waarden, hearden se dat de deastraffen yn ferballlings omset waarden. It folk wie it net iens mei dy barmhertigens fan Elizabeth en der ûntstie opskuor, dy't se mei hurde hân delsloech.

Kroaning

Yn maaie 1742 folge de kroaning fan Elizabeth yn Moskou. Wat noch gjin russyske hearsker earder die doarste Elizabeth wol oan: se sette de keizerskroan sels op 'e holle. By de kroaning swarde de keizerin gjin deadsfonnissen mear te ûndertekenjen. De deastraf waard dêrmei net ôfskaft yn it Russyske Ryk, mar ûnder har regear waard dy net mear útfierd. Deafonnissen waarden yn ferballings omset. It marteljen bleau lykwols wol mooglik en it barde wol dat by it marteljen de dea folge.

Op 18 novimber 1742 wiisde Elizabeth de soan fan har suster Anna Petrovna, Peter Fjodorovitsj (de lettere Peter III), oan as har opfolger.

De polityk ûnder Elizabeth